Sniselbank (foardracht)
In sniselbank (ek wol: snydselbank of Schnitzelbank) is in sjongfoardracht mei tekeningen yn de foarm fan in steapelliet. In foarsjonger sjongt in fraach, de groep antwurdet, wêrnei’t it antwurdt tafoege wurdt oan it refrein, sadat in steapelliet ûntstiet. It repetitive liet waard songen om it arbeidzjen lichter te meitsjen en begûn mei de fraach en it antwurd:
- En is dat hjir yn snydselbank?
- Ja, dat is in sniselbank!
In goede sniselbank dielt in ûnderwerp mei it publyk yn sa min mooglik wurden, en hat oan de ein in ferrassende draai: hoe koarter en hoe minder it tal rigels hoe better. Snydselbanken waarden skreaun foar karnaval, brulloften en oare feesten en wurde presintearre troch in yndividu of troch groepkes. Faak wurde de rigels ûnderstipe troch ien of mear muzykynstrumuinten. Op in strook papier fan in meter breed stean tapaslike tekeningen sadat it publyk se goed sjen kin. Sa kin it bygelyks troch in seremoanjemaster oan it publyk fertoand wurde by in rymke of ferske mei humor. Meastentiids wurde de tekeningen yn it foar ophong, mar se meie net de klû of de grap ferriede. Strjitsjongers brochten sa ek wol in ferhaal yn byld.
Wurkbank
bewurkje seksjeSnydselbanken binne yn de tradysje fan de bänkelsang. It oarspronklike liet, oerset út it Dútsk giet nammenlik oer in 'snidersbank', in wurkbank foar houtfykwurk dy’t in soad brûkt waard foar de yndustriële revolúsje. De snydselbank wurdt brûkt yn kombinaasje mei in haalmês of spoekskaaf. Mei de snijbank koe it hout fêstsetten wurde sadat de bast der mei mear krêft ôfskyld wurde koe. Fan it hout waarden bygelyks de stâlen fan heafoarken, harken en gongelstokken makke.
Snydselbanken binne in wichtich ûnderdiel fan de “Fasnacht” yn Basel, mar se komme ek foar op oare plakken yn Switserlân en it súdwesten fan Dútslân. De lieten binne dan ûnderdiel fan it Schwäbysk-Alemannyske karnaval en wurde faak yn it pleatslike dialekt dien.
Fariaasjes
bewurkje seksjeLetter waard de foarm fan dit liet oernomd om tal fan ûnderwerpen te besjongen. Under oare Samson en Gert namen in ferzje op fan de snydselbank, mei in tekst dy ’t oanpast wie oan it ûnderwerp fan dat berneprogramma.
It Dútsk ferske foar bern The Schnitzelbanksong waard populêr ûnder Dútske Amerikanen dy’t harren neisieten Dútsk leare woene. It liet waard faak songen troch folwoeksenen foar fermeits of mankelikens. Al foar 1900 ferskynden de ferskes yn Amearika. Groucho Marx presintearre it op Vaudeville tsjin 1910.[1] Yn 1957 namen Bill Haley & His Comets in rock and roll-ferzje op mei de namme Rockin 'Rollin' Schnitzelbank foar harren album, Rockin' Around the World. Bing Crosby naam it nûmer op yn in medley op syn album 101 Gang Songs. Yn 1994 siet yn Steven Spielberg syn animaasjerige Animaniacs in stikje mei in ferzje fan it nûmer, mei sterk feroare sjongteksten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|