Snitser telling
De Snitser telling is in telsysteem dat in soad brûkt wurdt by it keatsen, benammen by it keatsen yn kompetysjeferbân binnen in feriening.
By de Snitser telling is it totaal fan de foar-earsten oer in foarôf fêststeld tal keatspartijen beskiedend foar de winst. It winnend partoer krijt lykwols gjin 6 mar 7 punten takend en ferliezend partoer (meastentiids) 7 tsjinearsten. De punten wurde oan de yndividuele keatsers takend.
As by spilers it totaal tal foar-earsten gelyk is, dan telle de tsjin-earsten, binne dy ek gelyk dan telt it puntetotaal-foar yn de beskiedende earsten en binne dy ek gelyk dan telt it puntetotaal-tsjin yn de beskiedende earsten. As dy lêsten ek gelyk binne kin der noch sjoen wurde nei it tal partijen dy't wûn of ferlern binne of nei de ûnderlinge útslaggen fan gelyk einige spilers. Der binne yn de rin fan de tiid pleatslik (lytse) fariaasjes op dizze telling ûntstien.