Soestduinen is in plak yn de gemeente Soest yn de provinsje Utert. Soestduinen leit tusken de twa dielen fan sânferstowing de Soester Dunen: de "Lange Dunen" en de "Koarte Dunen".

Wetterpompstasjon Soestduinen
Treinstasjon Soestduinen

De bebouwing fan Soestduinen bestiet foaral út filla's. It stasjon fan Soestduinen - oan it spoar tusken Utert en Amersfoort - is yn 1998 sluten. Lâns it spoar lei in lyts yndustryterrein fan de firma Kodak en it Jessurunkamp, in militêr depot. Beide terreinen binne yn de jierren 2008-2009 oan de natoer werom jûn.

Soestduinen stiet op in 34e plak yn de list fan rykste wiken fan Nederlân.

Yn de wide omkriten stie Soestduinen bekend om it Soester Natuerbad, in fraai lizzend iepenloftswimbad oan de Van Weerden Poelmanwei. It bad waard yn 1933 oanlein yn it ramt fan de wurkferskaffing en yn 1961 yngreven fernijd. Yn 1990 waard it terrein troch de gemeente Soest ferkocht oan in projektûntwikkelder dy't der in golfbaan, in hotel (no it Hilton Royal Park) en inkele appartemintegebouwen sette liet.

Sport en rekreaasje

bewurkje seksje

It plak leit oan de Europeeske wannelrûte E11, ek wol Marsekreammerpaad of Hannelswei neamd. De E11 rint fan Den Haach nei it easten, op dit momint oant de grins Poalen/Litouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Soest  
Doarpen:
SoestSoestduinenSoesterberg
Buorskippen:
Soester EngSoestdyk
  ·   ·