Soesterberg is in doarp fan 7210 ynwenners (2021) en leit tusken Amersfoart, Seist en Soest tusken de provinsjale wei Amersfoart-Utert (N237) en de autogongwei A28. It falt ûnder de gemeente Soest yn de provinsje Utert.

Winkelstrjitte
TNO
nijbouwyk
Maresjeseekazerne mei monumint De Vleugel
Fuotbalfjild yn in 'kûle'
R.K. tsjerke Carolus Borromeus
Evenemintesintrum Casino

It doarp is neamd nei de 'berch' dy't men oer moast foar it ferkear fan en nei Soest, de heuvel dy't no't Hoogt heet.

It doarp ûntstie nei alle wierskyn om it krúspunt fan de Amersfoartskewei (no N237) en de âlde Postwei fan Amsterdam nei Arnhim. Fanâlds waard de herberch op dat krúspunt, it 'Huis ten Halve' (healwei tusken Amsterdam en Arnhim), befoarriede út Soest wei. It doarp kaam bekend te stean as 'Den Bergh'. Yn 1837 feroare dat, doe't by Keninklik Beslút it de namme 'Soesterberg' krige. Yn datselde jier krige it doarp syn earste geastlike, pastoar Rademaker. Hy prestearre it om, sûnder jild, binnen inkele jierren in tsjerke te bouwen. Ek die hy in soad foar de nammebekendheid fan Soesterberg.

Yn 1910 fregen inkele ûndernimmers, Lugard en Verwey, tastimming om in diel fan de heide oan de noardkant fan Soesterberg brûke te meien as start- en lanningsplak foar harren bedriuw foar fleantugen. Nei hast twa jier waard it fallissemint oanfrege foar harren ûndernimming. Wyls waard der wol trochflein, en wol troch inkele offisieren fan de Lânmacht dy't troch Lugard en Verwey oplieden wiene as fleander. Yn 1913 waard de Loftfeartôfdieling fan de Keninklike Lânmacht oprjochte. De fleanheide waard fleanbasis Soesterberg. De basis luts in soad toerisme, en it doarp groeide dan ek hurd.

Yn de Earste Wrâldoarloch waarden op 'Kamp fan Zeist' inkele tsientûzenen Belgen opfongen dy't troch de oarloch út harren lân flechte wienen. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de fleanbasis Soesterberg oanmerke as NAVO-basis (Camp New Amsterdam), en sûnt 1954 waarden hjir Amerikanen stasjonearre mei harren famylje.

Yn 1973 waard de provinsjale wei Amersfoort-Utert om de doarpskearn hinne laat. It âldste stikje Soesterberg ferdwûn doe't yn 1980 it, wyls yngripend ferboude, Huis ten Halve ôfbaarnde. Yn it begjin fan de jierren tachtich fan de 20e iuw waard de autosnelwei A28 iepene. lâns de súdkant fan Soesterberg. Nei de ein fan de Kâlde Oarloch fertrokken yn 1994 de Amerikanen, dy't wyls in eigen wenwyk (Apollo) krigen hiene. Yn in gedielte fan 'Kamp fan Zeist' waard it Militêre Loftfeart Museum húsfêste, en yn in oar gedielte waard ein foarrige iuw tydlik ik Skotsk gerjochtshof fêstige foar de berjochting fan minsken yn ferbân mei de Lockerbie-saak. Yn 2003 waard dat lêste gedielte ferboud ta in tydlike finzenis, dêr't ûnder mear 'bolsjeslokkers' detinearre wurde.

Basisûnderwiis

bewurkje seksje
  • OBS de Startbaan
  • R.K. Basisskoalle St. Carolus
  • Kr. Basisskoalle de Postiljon

Pjutteboartersplak

bewurkje seksje
  • Pjutteboartersplak de Pruttelpot (ûnderdiel fan Stg. Kindercentra Soest)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Soest  
Doarpen:
SoestSoestduinenSoesterberg
Buorskippen:
Soester EngSoestdyk
  ·   ·