Sompeparlemoerflinter

Sompeparlemoerflinter
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
soarte
Euphydryas aurinia

De Sompeparlemoerflinter (“Euphydryas aurinia”) is in flintersoarte yn it skaai fan de Euphydryas.

Foarkommen Bewurkje

De Sompeparlemoerflinter stiet op de reade list oanjûn as ferdwûn yn Nederlân. It is dan ek in beskerme soart. De lêste populaasje is yn 1982 ferdwûn. Dizze populaasje wie flakby Utert. De flinter hâldt fan skrale fochtige greiden. Ek hâlde se fan de blaugerzen. De flinter is tige algemien yn Sintraal- en Súd-Jeropa.

De flinter Bewurkje

De wjuklingte is likernôch 16 oant 22 mm. De boppekant fan de wjukken is swart mei oranje plakken. Dizze oranje plakken kinne op ferskillende manieren oardere wêze. Yn de binnenkant fan de wjukken hawwe de oranje plakken giele stipkes. Op de bûtenkant fan de wjukken hawwe de oranje plakken swarte stipkes.

Fleantiid Bewurkje

De flinter fleant fan begjin maaie oant heal juny. De flinter fleant altyd yn ien generaasje. De flinters wurde hast noait sjoen at se nektar drinke. De mantsjes sykje daliks in wyfke.

Rûp Bewurkje

De rûp oerwinteret yn in speanzelsnest. De ferpopping bart yn de fegetaasje. De aaikes wurde yn grutte oantallen ôfset op de blêden fan de weardplant.

De rûp fret: blauwe knoop, druvekrûd.

 

Sjoch ek Bewurkje