Songs of Love and Death (ferhalebondel)

Songs of Love and Death is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers George R.R. Martin en Gardner Dozois. De titel betsjut "Lieten oer Leafde en Dea". It boek omfettet 17 koarte ferhalen fan it fantasysjenre. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Jim Butcher, Robin Hobb, Jacqueline Carey, Tanith Lee en Diana Gabaldon. Alle ferhalen út Songs of Love and Death waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Songs of Love and Death waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.

Songs of Love and Death
algemiene gegevens
auteur George R.R. Martin en
   Gardner Dozois (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2010, New York
oarspr. útjwr. Gallery Books
kodearring
ISBN 1 43 91 50 141
  1. Jim Butcher, Love Hurts (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  2. Jo Beverley, The Marrying Maid
  3. Carrie Vaughn, Rooftops
  4. M.L.N. Hanover, Hurt Me
  5. Cecelia Holland, Demon Lover
  6. Melina M. Snodgrass, The Wayfarer's Advice (ûnderdiel fan Imperials)
  7. Robin Hobb, Blue Boots
  8. Neil Gaiman, The Thing About Cassandra
  9. Marjorie M. Liu, After the Blood
  10. Jacqueline Carey, You and You Alone (ûnderdiel fan Kushiel's Legacy)
  11. Lisa Tuttle, His Wolf
  12. Linnea Sinclair, Courting Trouble
  13. Mary Jo Putney, The Demon Dancer
  14. Tanith Lee, Under/Above the Water
  15. Peter S. Beagle, Kashkia
  16. Yasmine Galenorn, Man in the Mirror
  17. Diana Gabaldon, A Leaf on the Wind of All Hallows (ûnderdiel fan Outlander)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Martin, Georg R.R., en Dozois, Gardner, (red.), Songs of Love and Death, New York, 2010 (Gallery Books), ISBN 1 43 91 50 141.