Sontbrêge
De Sontbrêge (offisjeel: Øresundsbron) is it opfallendste part fan de 16 kilometer lange ferbining foar wei- en spoarferkear oer de Sont tusken Denemark en Sweden. De offisjele namme is in kofferwurd út it Deenske Øresundsbroen en it Sweedske Öresundsbron.
Ferbining
bewurkje seksjeDy dûbelde wei-spoar-ferbining keppelet Kopenhagen oan Malmö. De brêge hat ien fan de langste oerspannings fan alle tuibrêgen yn 'e wrâld: in oerspanning fan 490 meter. De heechste pylder is 204 meter. Nei skatting waacht de brêge yn totaal 82 miljoen kilo. De maksimale trochfarhichte is sa'n 50 meter.
De bou begûn op 16 septimber 1993 en de kosten berûnen sa'n 3 miljard euro. De brêge-tunnelkombinaasje is oanlein om de regio Kopenhagen-Malmö (Sontregio) in ekonomyske ympuls te jaan en sa tsjinwicht te jaan oan de oanstriid fan de JU har belang hieltiten súdliker te sykjen.
Opbou
bewurkje seksjeDe ferbining, besteande út in spoarline mei twa spoaren en in wei mei 2x2 rydstroken, allinnich foar auto's, waard op 1 july 2000 troch de Sweedske kening Karel XVI Gustaaf en de Deenske keninginne Margareta II iepene. In heale moanne foar de offisjele iepening koenen de Sweden en Denen middels in donaasje oan it Deenske Reade Krús in kaartsje keapje om de brêge op skeelers, fytsend of rinnend oer te gean.
De hiele ferbining oer de Sont bestiet út trije parten:
- Oan de Sweedske kant, de Sontbrêge: in dûbeldeksbrêge, mei autosnelwei boppe en spoarwei ûnder, fan hast 8 kilometer lang;
- Yn de Sont Peperholm: in kunstmjittich eilântjse, sa neamd om it tichteby lizzende Sâltholm, mei in lingte fan 4 kilometer dêr't snelwei en spoarwei neist elkoar komme te lizzen;
- Oan de Deenske kant de Drogdentunnel: in dûbelde tunnel fan 4 kilometer lang.
Ferkear
bewurkje seksjeDe E20 rint oer de brêge. Foar de Sontferbining jildt in tolplicht. In inkele reis oer dizze ferbining kostet mei in auto sawat € 35 (2004). Fan grutte ferkearsdrokte is dan meastenttids ek gjin sprake: der ride sa'n 11800 voertuigen per dei oer (4,3 miljoen reauwen yn 2004). Dêrby spilet mei dat de boatferbining Helsingør-Helsingborg dy't wat noardliker leit goedkeaper is en dat it rydtidenbeslút fan de JU ôftwinget dat beropsmjittige sjauffeurs op fêste tiden rêste moatte.
Fytsers kinne net oer de brêge en moatte dus mei de trein. Wol wurdt sûnt 2002 alle jierren oer de brêge in heale maraton ferrûn, fan Denemark nei it Sweedske stasjon fan Malmö.
Jier | Motors | Auto's | Auto's (6–9 m) | Bussen | Frachtweinen | Totaal |
---|---|---|---|---|---|---|
2001 | 24.330 | 2.660.807 | 74.505 | 37.745 | 153.485 | 2.950.872 |
2002 | 25.868 | 3.106.318 | 73.942 | 41.433 | 180.803 | 3.428.364 |
2003 | 26.881 | 3.418.382 | 86.477 | 41.294 | 208.402 | 3.781.436 |
2004 | 33.615 | 3.908.014 | 94.232 | 58.270 | 230.546 | 4.324.677 |
2005 | 29.878 | 4.499.640 | 109.631 | 56.480 | 269.164 | 4.964.793 |
2006 | 32.387 | 5.203.178 | 143.609 | 55.510 | 307.909 | 5.742.593 |
2007 | 38.376 | 5.674.513 | 161.807 | 52.339 | 314.590 | 6.745.968 |
2008 | 35.012 | 6.502.882 | 161.386 | 47.979 | 341.106 | 7.088.365 |
2009 | 33.845 | 6.565.023 | 164.025 | 42.742 | 298.071 | 7.103.706 |
2010 | 31.254 | 6.499.956 | 172.573 | 44.523 | 328.295 | 7.076.601 |
2011 | 29.672 | 6.375.075 | 180.655 | 44.651 | 358.104 | 6.988.157 |
2012 | 27.187 | 6.148.107 | 180.037 | 41.564 | 368.921 | 6.765.816 |
2013 | 32.438 | 6.028.040 | 182.605 | 40.935 | 401.389 | 6.685.407 |
2014 | 34.087 | 6.217.111 | 194.495 | 50.362 | 422.222 | 6.918.277 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Offisjeel webstee fan de eksploitant.
- Structurae: Øresund Bridge Ingelsk
- Øresund Bridge Dútsk, Ingelsk