In Sosjale Sofa (Ingelsk: Social Sofa) is in mei mozayk beklaaide sofa dy't yn de iepenbiere romte pleatst is, basearre op in idee fan kabaretier Karin Bruers. De banken binne makke fan beton en hawwe in lingte fan 2,24 m en de foarm fan in chaise longue.

Bruers kaam mei it idee om minsken yn kontakt mei elkoar te bringen. Se woe hawwe dat der 1000 fan dizze bènkskes (Tilburchsk), yn Tilburch ynstallearre waarden. De earste 23 waarden op maaie 2006 op it plein de Heuvel dêre ûntbleate troch boargemaster Ruud Vreeman.[1]

Ek yn oare plakken yn Nederlân, lykas Amsterdam[2], Eindhoven en Heerlen[3], binne banken set. Yn it ramt fan de helpaksje Serious Request waarden banken yn Eindhoven (2010) en Leien (2011) pleatst.

De tûzenste waard yn 2013 yn Tilburch pleatst, ek ûntbleate op de Heuvel troch de boargemaster, doe Peter Noordanus. Dat wie de 250e yn Tilburch.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Brabân, 9 septimber 2006: Onthulling Social Sofas Tilburg
  2. Folia, Amsterdam, 30 jannewaris 2014: Muller Lulofshuis krijgt Social Sofa’s
  3. 16 augustus 2013: Social Sofa's (20 stuks) in centrum Heerlen, op initiatief van de stichting "Vrouwen laten Heerlen glimlachen"
  4. Brabants Dagblad, 23 maaie 2013: Duizendste social sofa staat in Tilburg