Sotsjy
Sotsjy (Russysk: Сочи) is in Russyske stêd yn it suden fan kraj Krasnodar justjes benoarden de grins mei de Geörgyske regio Abchaazje[1] oan de Swarte See yn de Noardlike Kaukasus. It is it wichtichste baaiplak fan Ruslân en wurdt ek wol de 'Russyske riviêra' neamd. De agglomeraasje Grut-Sotsjy hat in lingte fan 147 kilometer en wurdt wol de 'op ien nei langste stêd yn de wrâld' neamd, al bestiet Grut-Sotsjy feitlik út mear as ien plak. De agglomeraasje rint fan de rivier de Sjepsy oant de rivier de Psou, dat ek de grins mei Abchaazje is.
Sotsjy Сочи | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 343.334 (2010) | |
Oerflak | 3505 km² | |
Befolkingsticht. | 1373 / km² | |
Hichte | 30 m | |
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Federaal distrikt | Súd | |
Oar | ||
Stifting | 1838 1917 (stedsstatus) | |
Tiidsône | MSK UTC+4 | |
Simmertiid | UTC | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |

Sport bewurkje seksje
It Ynternasjonaal Olympysk Komitee hat yn july 2007 de Olympyske Winterspullen fan febrewaris 2014 tawiisd oan Sotsjy. Sotsjy is fan 2014 ôf foar sân jier gasthear F1 Grand Prix Ruslân. Foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2018 sil it stadion fan Sotsjy ien fan de wedstrydplakken wurde.
Befolkingsûntjouwing bewurkje seksje

Berne yn Sotsjy bewurkje seksje
- Andre Geim - natuerkundige
- Jevgeni Kafelnikov - tennisser
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sochi fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|