De South Devon, ek wol 'Oranje Oaljefanten' (Orange Elephants) as 'Guodlike Reuzen' (Gentle Giants) neamd, is it grutste koweras dat yn Grut-Brittanje ûntstien is. Der wurdt oannaam dat se ôfskaaie fan it grutte reade Normandyske koweras dat al mei de Normandyske ynvaazje fan Ingelân (1066) ynfierd waard. It is in poerbêst ras dat meast read, mei in koperleurige wjerskyn, is. Yn it ferline waard it ras ek as melkko hâlden, mar tsjintwurdich suver alline foar it fleis. It stamboek wurdt offisjeel beheard troch The South Devon Herd Book Society dat yn 1891 stifte waard.

South Devon-bolle
South Devon-bolle mei keallen

Begjin 20e iuw waard de Devon beskôge as in dûbelddoelras, dat it waard hâlden om de molke én it fleis. Hoewol't de measte keppels molken waarden oant yn en krekt nei de Twadde Wrâldkriich feroare dat dêrnei hurd en ein jierren 60 gie it allinne noch om de fleisproduksje. Nettsjinsteande dat feit bliuwt de molkproduksje fan belang foar it grutbringen fan de keallen.

Begjin 21e iuw waard besocht om it ras fannijs yn de melkerij te bringen. Yn it greefskip Devon hâldt Taverner's Farm in lyts keppel Devon's foar it meitsjen fan har eigen rjemmeiis (Orange Elephant ice cream).

It ras kin him tige bêst oan ferskillende klimatologyske omstannichheden oanpasse en is ferspraat rekke oer fiif kontininten. Oeral wêr't de South Devon yntrodusearre waard dogge sy it bêst.

Keppeling om utens

bewurkje seksje