Southampton
Southampton is in stêd (city) en unitary authority (UA) yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân en telt 217.445 ynwenners. De oerflakte bedraacht 49,8 km2.
Southampton | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
County | Hampshire | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 234.100 (2007) | |
Oerflak | 49,8 km² | |
Befolkingsticht. | 4.454/ km² | |
Stêdekloft | 1.000.000 | |
Oar | ||
Stifting | *± 43 f.Kr. *Citystatus 1964 *UA 1997 | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | British Summer Time (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
www.southampton.gov.uk/ |
- Dizze side giet oer de stêd yn Ingelân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Southampton (betsjuttingsside).
Southampton leit yn it greefskip Hampshire. De stêd is de grutste havenstêd fan it lân.
Skiednis
bewurkje seksjeHoewol't it plak al sûnt de stientid bewenne is en der ea de Romeinske delsetting Clausentum fêstige wie, begjint de grutte bloei fan Southampton pas mei de komst fan de Normandjers yn 1066, as de stêd brûkt wurdt as haven fan it tichtbylizzende Winchester (destiids de haadstêd fan Ingelân). Southampton foarmet fan dat stuit ôf de wichtichste skeakel tusken it Ingelske en it kontinintale diel fan it Normandyske keninkryk.
Op 10 april 1912 ferliet it bekende skip de RMS Titanic de haven en sette ôf nei Cherbourg yn Frankryk om dêrnei fierder te farren nei New York, dêr't it skip lykwols nea oankomd is.
Sport
bewurkje seksjeSouthampton is de thússtêd fan fuotbalklup Southampton FC.
Berne
bewurkje seksje- Nicholas Udall (1504), toanielskriuwer
- John Everett Millais (1829) , keunstskilder
- Ted Drake (16 augustus 1912), fuotballer en trener
- Benny Hill (21 jannewaris 1924), komyk
- Martin Chivers (27 april 1945), fuotballer
- Robert Hayles (21 jannewaris 1973), hurdfytser
- Will Champion (1978), drummer fan Coldplay
- Wayne Bridge (5 augustus 1980), fuotballer
- Craig David (5 maaie 1981), R&B sjonger
- Joe Keenan (14 oktober 1982), fuotballer
- Joe Brooks (18 maaie 1987), sjonger
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Southampton fan Wikimedia Commons. |