Spaanske Heechflakte

De Spaanske Heechflakte of meseta is geologysk sjoen it âldste part fan it Ibearysk skiereilân en wurdt foarme troch in heechplato. Nei in lang tiidrek fan eroazje fan dat geberchte is de meseta ûntstien sa't wy dy no kenne. De meseta is trochstrings om-ende-by 600 meter heech. De heechflakte wurdt yn twaen splitst troch it Kastyljaansk skiedingsberchtme, dat it gebiet histoarysk yn Ald- en Nij-Kastylje ferdield. De heechflakte wurdt omringd troch it Kantabrysk Geberchte yn it noarden, it Iberusk Rânegeberchte yn it easten, de Sierra Morena yn it suden yn Ekstremadûra en de bergen fan noardlik Portegal yn it westen.

Skiep op de meseta