Sparta

(Trochferwiisd fan Spartanen)

Sparta (Gryksk: Σπάρτη) wie eartiids de haadstêd fan Lakoanje yn it âlde Grikelân en wie iuwenlang ien fan de wichtichste "poleis" (stêdstaten) fan Grikelân. De stêd lei yn it noarden fan de sintrale Lakoanyske flakte op de Peloponnesos, op de rjochterouwer fan de rivier de Jerotas.

Territoarium fan it antike Sparta
Oerbliuwsels fan it âlde Sparta mei it moderne Spartí op de eftergrûn

Yn de 10e iuw f.Kr. waard Sparta troch de Doarjers stifte, dy't de oarspronklike befolking ûnderwurpen. De stêdssteat waard oprjochte troch in fiifresom buorstêden en de hiele skiednis lang behâlde Spart it útsjoch fan in samling doarpen. It grûngebiet wie feitlik nochal útstrekt, wol 7700 kante kilometer grut. De Spartanen wennen yn tige ienfâldige wenten en beskikten net oer grutte iepenbiere gebouwen.

Yn Sparta draaide alles om kriich en oerhearsking. Alle manlju moasten yn it leger tsjinne en harre hiele libben wie wijde oan de kriichkeunst. Jonges waarden op harren sânde libbensjier by de famylje weihelle om grutbrocht te wurden troch de steat. Hjirtroch bouden de Spartanen it meast effektive leger op fan hiel Grikelân. Spartaanske soldaten stienen bekend om harren moed en dissipline.

Yn de 8e iuw f.Kr. feroveren de Spartanen Lakoanje, it fruchtbere lân om Sparta hinne. Dêrnei besetten sy in njonkenlizzende steat Messeenje. Dizze oermasteringen makke fan Sparta ien fan de machtichste stêdsteaten fan har tiid. De Spartanen makken fan eltsenien dy't sy oerwûnen heloaten of horigen, dy't twongen waarden te wurjen op it lân fan de Spartaanske oerhearskers. De allegeduerigende driging fan in heloatenopstân makke fan Sparta in militêre steat. De libbenswize fan de Spartanen wie der op rjochte om de heloaten ûnder de knipe te hâlden.

Nei de oerwinning op de Messeenjers om-ende-by 550 f.Kr. ferstarre it oant dan bloeiende Sparta ta in kazernesteat. De Peloponnesyske Kriich tsjin Atene waard mar krekt wûn troch de stipe fan de Perzen. De nederlaach tsjin de Tebaan Epaminondas 371 f.Kr. makke in ein oan de macht fan Sparta. Yn de hellenyske tiid moast Sparta lid wurde fan it Achaeyske Bûn. Nei 146 f.Kr. waard it stadichoan part fan it Romeinske Ryk. Yn 395 waard Sparta troch de Fisigoaten ferwoaste.