De Peloponnesos (Gryksk: Πελοπόννησος, Pelopónnēsos of Pelopónnīsos) is in grut skiereilân en in tradisjonele regio yn it suden fan Grikelân. Dit gebiet sit inkeld troch de smelle Lâningte fan Korinte, yn it noardeasten, fêst oan 'e rest fan it Grykske fêstelân, en wurdt dêr fierders fan skaat troch de Golf fan Korinte. Under de Osmaanske hearskippij stie it skiereilân fan 'e Midsiuwen ôf bekend as de Moreä (Gryksk: Μωρέας, Moréas), in namme dy't it yn it aldendeiske spraakgebrûk yn Grikelân noch altyd wjerklang hat (Nijgryksk: Μωριάς, Moriás). Yn 2011 hie de Peloponnesos in befolking fan 1,1 miljoen ynwenners. De de facto haadstêd en teffens de grutste stêd is Patras, oan 'e noardkust.

Peloponnesos
De Peloponnesos (blau) yn Grikelân.
De Peloponnesos (blau) yn Grikelân.
polityk
soarte gebiet skiereilân
lân Grikelân
haadplak Patras
grutste plak Patras
sifers
ynwennertal 1.100.000 (2011)
oerflak 21.549,6 km²
befolkingstichtens 51,0 / km²
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

De Peloponnesos is in skiereilân dat in oerflak fan 21.549,6 km² beslacht en it súdlikste diel fan it fêstelân fan Grikelân foarmet. It wurdt oan hast alle kanten omjûn troch see: yn it westen troch de Ioanyske See, yn it súdwesten en suden troch de iepen Middellânske See, yn it súdeasten troch de Kretinzyske See, yn it easten troch de Egeyske See en yn it noardeasten troch de Saroanyske Golf. Yn it noarden wurdt it fan 'e rest fan it Grykske fêstelân skaat troch de langwerpige en smelle Golf fan Korinte, dy't fan 'e Ioanyske See út djip yn 'e westkust fan Grikelân weisnijt. Yn it uterste noardeasten foarmet de Lâningte fan Korinte in smelle lânbrêge mei de rest fan it fêstelân. Sûnt dêr yn 1893 it Kanaal fan Korinte trochhinne groeven is, kin de Peloponnesos yn prinsipe as in eilân beskôge wurde, al wurdt dat frijwol nea dien. Yn 2004 waard by Patras, oan 'e westlike útein fan 'e Golf fan Korinte, de Rio-Antirriobrêge iepene, dy't Rio, in foarstêd fan Patras, ferbynt mei it plak Antirrio, oan 'e noardkust fan 'e Golf fan Korinte.

De kusten fan 'e Peloponnesos binne ynsnien troch ferskate baaien, mei as gefolch dat it grutte skiereilân oan 'e súdkant trije lytsere, rjocht omleech stykjende skiereilannen hat, fan west nei east it Messeensk Skiereilân, Many en Kaap Maleä (of Epidauros Limera). Yn it noardeasten hat de Peloponnesos noch in fjirde, nei it súdeasten ta útstykjend skiereilân, it Argolidysk Skiereilân. It Messeensk Skiereilân wurdt fan Many skaat troch de Messeenske Golf, en tusken Many en Kaap Maleä leit de Lakoanyske Golf. It Argolidysk Skiereilân wurdt fan 'e eastkust fan 'e Peloponnesos skaat troch de Argolidyske Golf. Fierders leit oan 'e noardkust, by Patras de Golf fan Patras, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Golf fan Korinte, wylst yn 'e westkust fan 'e Peloponnesos in mânske healrûne dûk sit dy't de Golf fan Kiparissia hjit.

 
It lânskip fan Arkaadje, yn it sintrale part fan 'e Peloponnesos.

Der lizze ferskate eilannen foar de kust fan 'e Peloponnesos: de Argo-Saroanyske Eilannen yn it easten en noardeasten, en de Ioanyske Eilannen yn it westen en noardwesten. It grutte eilân Kythira leit yn it súdeasten ûnder it Kaap Maleä-skiereilân, dêr't it fan skaat wurdt troch de smelle Strjitte fan Elafonisos. Dy seestrjitte is ferneamd nei it eilantsje Elafonisos, dat noch tichter ûnder de kust fan Kaap Maleä leit. Oarspronklik makke dat diel út fan it fêstelân fan 'e Peloponnesos, oant it dêr by in grutte ierdbeving yn 365 fan losbriek.

It binnenlân fan 'e Peloponnesos is bercheftich en op plakken tige rûch en ûnherberchsum. De Taygetus, yn it Taygetusberchtme yn it súdlike part fan it skiereilân, is mei 2.407 m de heechste berch fan 'e Peloponnesos. Oare hege bergen binne de Kyllini (2.376 m) yn it noardeasten, de Aroania (2.355 m) yn it noarden en de Erymanthos (2.224 m) en de Panachaikon (1.926 m) yn it noardeasten. It hiele skiereilân leit op in tektoanyske brekline en is kwetsber foar ierdbevings. De langste rivier is de Alfeios, dy't yn it westlike part fan 'e Peloponnesos streamt.

 
De Rio-Antirriobrêge ferbynt de Peloponnesos mei Grikelân benoarden de Golf fan Korinte.

Al sûnt de Aldheid bestiet de Peloponnesos út sân lânstreken: Achaia yn it noarden, Korintia yn it noardeasten, Argolis yn it easten, Arkaadje yn 'e midden, Lakoanje yn it súdeasten, Messeenje yn it súdwesten en Elis yn it westen. De grutste stêd en de facto de haadstêd fan it skiereilân, mei 215.000 ynwenners yn 2011, is Patras, dat yn it noarden oan 'e Golf fan Korinte leit. De op ien nei grutste stêd, mei 85.000 ynwenners, is Kalamata, dat yn it suden oan 'e kust fan 'e Messeenske Golf leit. De bekendste stêd op it hiele skiereilân is sûnder mis Sparta (23.000 ynwenners), dat yn 'e Aldheid sa'n wichtige rol spile. Bestjoerlik falt de Peloponnesos tsjintwurdich foar it grutste part ûnder trije ferskillende regio's fan Grikelân. It meastepart foarmet de Peloponnesos (regio), mar ferskate dielen hearre ta de regio's West-Grikelân en Attika.

De Peloponnesos wurdt al sûnt oerâlde tiden bewenne. De namme tanket it skiereilân oan in folksferhaal út 'e Grykske mytology oer de held Pelops, dy't it hiele gebiet ferovere hawwe soe. 'Peloponnesos' betsjut nammentlik: "Eilân fan Pelops". Yn 'e Brûnstiid waard de Peloponnesos dominearre troch de Myseenske beskaving, de earste grutte kultuer fan it Grykske fêstelân. It sintrum fan dy beskaving wie de stêd Mysene, yn it noardeasten fan it skiereilân. Oan 'e ein fan it twadde milennium f.Kr. stoarte de Myseenske kultuer lykwols hommels yn. De folgjende snuorje, dy't bekendstiet ûnder de namme fan 'e Tsjustere Iuwen of de Grykske Midsiuwen, wurdt karakterisearre troch in ûntbrekken fan skreaune boarnen.

 
De Liuwepoarte fan Mysene.

Yn 776 f.Kr. waarden de Olympyske Spullen foar it earst holden yn Olympia, yn 'e westlike Peloponnesos. Dat markearre it begjin fan 'e klassike perioade fan 'e Grykske Aldheid. Yn dy tiid wie de Peloponnesos it hert fan it âlde Grikelân, dêr't wichtige stêdsteaten fêstige wiene, lykas Sparta, Korinte, Argos en Megalopolis. Ek wie it it thúslân fan 'e Peloponnezysk Bûn. Troepen dy't ôfkomstich wiene fan it skiereilân fochten yn 'e Perzyske Oarloggen, lykas yn 'e ferneamde Slach by Thermopylae yn 480 f.Kr. Boppedat waard yn it gebiet tusken 431 en 404 f.Kr. de Peloponnezyske Oarloch útfochten tusken Sparta en Atene om 'e hegemony ûnder de Grykske stêdsteaten.

Yn 'e fjirde iuw f.Kr. joech de hiele Peloponnesos, útsein Sparta, him by de fjildtocht fan Aleksander de Grutte tsjin it Perzyske Ryk. Yn 146 f.Kr. waard it gebiet ûnder de foet rûn troch de Romeinen. Dêrby waard Korinte ferwuostge en de befolking fan dy stêd ôfslachte. Neitiid kaam de Peloponnesos as ûnderdiel fan 'e provinsje Achaia earst by de Romeinske Republyk en letter by it Romeinske Ryk te hearren. It skiereilân behold yn dy tiid syn wolfeart, mar ferlear syn foaroansteande status en sakke ôf ta in ûnbetsjuttende úthoeke.

 
De Timpel fan Heara yn Olympia.

Nei de opdieling fan it Romeinske Ryk yn 395 kaam de Peloponnesos by it Eastromeinske of Byzantynske Ryk te hearren. De ferwuostging dy't de Goaten ûnder Alarik yn 396 en 397 op it skiereilân oanrjochten, late ta de bou fan 'e Hexamilion of Seismylsmuorre, dwers oer de Lâningte fan Korinte. Yn 'e sechsde iuw rekke de ekonomy fan 'e Peloponnesos yn 'e nederklits troch in kombinaasje fan útbraken fan 'e pest, it foarkommen fan ferskate ierdbevings, ynfallen fan 'e Slaven en it ynstoarten fan hannel mei oare regio's.

Yn 'e sânde en achtste iuw besetten de Slaven it meastepart fan it skiereilân, en fûn der frijwat kolonisaasje plak, hoewol net sa grutskalich as foarhinne tocht waard. Oan beskate dielen fan it skiereilân, yn 't bysûnder Many yn it suden en Tsakoanje oan 'e eastkust, gie de Slavyske ynvaazje alhiel foarby. Al dy Slaven op 'e Peloponnesos waarden nei ferrin fan tiid assimilearre troch de etnysk Grykske befolking, en tsjin 'e njoggende iuw wie it hiele skiereilân kultureel wer Gryksk. Los fan 'e Slavyske ynfallen hiene de kustgebieten fan 'e Peloponnesos yn dyselde snuorje hiel wat te stellen mei oanfallen fan Arabyske seerôvers, benammen nei't dy yn 'e 820-er jierren in eigen emiraat op Kreta stifte hiene. Doe't dat eilân yn 961 troch it Byzantynske Ryk werovere waard, ûntstie op 'e Peloponnesos in nije snuorje fan woltier.

 
It amfiteäter fan Epidauros.

Nei't de Fjirde Krústocht him yn 1204 tsjin it Byzantynske Ryk keard hie en Konstantinopel yn 1205 troch de krúsfarders plondere wie, marsjearren Willem fan Champlitte en Godfryd I fan Villehardouin mei har mannen nei it suden ta en feroveren de Peloponnesos, dêr't se it Prinsdom Achaia stiften, yn namme in fazalsteat fan it Latynske Ryk fan Konstantinopel. Underwilens besette de Republyk Feneesje in stikmannich strategyske havenstêden op 'e Peloponnesos, wêrûnder Pylos (Italjaansk: Navarino) en Koroni (Coron), dy't se neitiid wisten te behâlden oant yn 'e fyftjinde iuw.

De hegemony fan 'e 'Franken', sa't de krúsfarders yn 'e Oriïnt neamd waarden, krige in flinke knoei doe't Willem II fan Villehardouin yn 1259 yn 'e Slach by Pelagonia ferslein waard troch it weroprjochte Byzantynske Ryk. Dêrnei waard de Peloponnesos stapke foar stapke troch de Byzantinen bemastere, oant de werovering omtrint 1430 kompleet wie. Underwilens wie yn 1349 op it skiereilân it Despotaat fan de Moreä stifte, dat in semy-autonoom diel fan it Byzantynske Ryk wie. Yn dyselde snuorje fûn ek de fêstiging fan 'e Arvaniten, in Albaneeske folksgroep, yn sintraal Grikelân en op 'e Peloponnesos plak. De Arvaniten lieten har net sa maklik assimilearje as de Slaven, en binne foar in diel hjoed de dei noch te ûnderskieden as in aparte etnyske groep.

 
Utsjoch oer Patras, de grutste stêd fan 'e Peloponnesos, fanút de sitadel.

Yn 1358 begûnen de Osmaanske Turken foar it earst oanfallen op 'e Peloponnesos út te fieren. Yn 1387 makke de krigele Evrenos Bey fan 'e tsjinstellings tusken de Franken en de Byzantinen gebrûk om in plondertocht dwers oer it skiereilân te hâlden. Neitiid twong er sawol de Byzantynske despoaten as de oerbleaune Frankyske hearskers om skatting te beteljen en de Osmaanske soevereiniteit te erkennen. Dy sitewaasje duorre oant de nederlaach fan 'e Osmanen yn 'e Slach by Ankara, yn 1402, wêrnei't de Osmaanske ynfloed foarearst belune.

Fan 1423 ôf fûnen der op 'e nij Osmaanske ynfallen op 'e Peloponnesos plak, diskear ûnder lieding fan Turahan Bey. Yn 1446 wisten Osmanen ûnder sultan Moerad II op de Lâningte fan Korinte troch de weropboude Hexamilion te brekken, wêrnei't de despoaten fan 'e Moreä fannijs de Osmaanske soevereiniteit erkenne moasten. Nei harren besetting fan it Hartochdom Atene (1456) krigen de Osmanen de Peloponnesos yn 1458 foar in trêdepart yn 'e hannen, en yn 1460 dweilde sultan Mehmed II de lêste restanten fan it Despotaat fan 'e Moreä op. It lêste Byzantynske bolwurk, it Kastiel fan Salmeniko, hold it ûnder Graitzas Palaiologos út oan july 1461.

 
It paleis fan 'e despoaten fan de Moreä yn Mystras, dat no op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet.

Osmaanske en Fenesiaanske oerhearsking

bewurkje seksje

Dêrnei ûntkamen inkeld noch de Fenesiaanske fêstings Methoni (Modon), Koroni (Coron), Pylos (Navarino), Monemvasia, Argos en Nafplion oan 'e Osmaanske oerhearsking. Mar dy waarden letter ferovere yn in rige Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen. Yn 'e Earste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1463-1479) gie Pylos foar Feneesje ferlern, wylst Methoni en Koroni yn ûnder de Twadde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1499-1503) yn Osmaanske hannen foelen. Yn 1532 waarden Koroni en Patras ferovere troch in krústocht ûnder lieding fan 'e Genueeske admiraal Andrea Doria, mar dat lokke de Tredde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1537-1540), wêryn't ek de lêste Fenesiaanske besittings op 'e Peloponnezyske kust ferlern giene.

Nei de ferovering waard it skiereilân in provinsje (sancak) fan it Osmaanske Ryk. It haadplak wie earst Korinte (Turksk: Gördes), dêrnei Leontari (Londari), doe Mystras (Misistire) en úteinlik Nafplion (Anaboli). Mids santjinde iuw waard de Peloponnesos it sintrum fan in aparte eyalet, mei as haadstêd Patras (Ballibadra). Oant de twadde helte fan 'e sechstjinde iuw wisten de kristenen op 'e Peloponnesos harren rjochten te behâlden, en gie de islamisearring stadich, mei fral ûnder de Arvaniten frijwat bekearlingen. Ek neitiid ferlearen kristlike delsettings nea alhiel har selsbestjoer, mar it hiele Osmaanske tiidrek waard karakterisearre troch de stadige, mar oanhâldende flecht fan 'e kristlike befolking nei it bercheftige binnenlân. Dat makke de opkomst mooglik fan 'e saneamde klefts, wapene banditen of rebellen dy't fan 'e bergen út operearren. As reäksje dêrop begûnen de Osmaanske autoriteiten har eigen bindes te bewapenjen, de saneamde armatoloi.

 
Grykske rebellen nei it Belis fan Tripolitsa.

Under de Moreaanske Oarloch of de Sechsde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1684-1699) besetten de Fenesianen yn 1687 it hiele skiereilân, in sitewaasje dy't se yn 1699 by de Frede fan Karlowitz wisten te konsolidearjen. Se rjochten op 'e Peloponnesos it Keninkryk fan de Moreä op, dat in autonoom diel fan 'e Republyk Feneesje wie. It roomske Fenesiaanske bewâld wie ûnder de Eastersk-otterdokse Grykske befolking lykwols sa ympopulêr, dat de Turkske werovering fan 'e Peloponnesos yn 1715 ûnder de Sânde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch of de Twadde Moreaanske Oarloch (1714-1718) troch de measte ynwenners as in befrijing ûnderfûn waard. By de Frede fan Passarowitz, fan 1718, joech Feneesje foargoed syn besittings op it Grykske fêstelân op.

Moderne tiid

bewurkje seksje

Nei 1715 waard de Peloponnesos de kearn fan 'e nije Eyalet Moreä. Yn 1770 stiene de Peloponnezyske kristenen tsjin 'e Osmanen op by de saneamde Orlov-opstân, dy't stipe waard troch it Keizerryk Ruslân, mar dy rebûlje waard mei in protte bloedferjitten troch de Osmanen de kop yndrukt. Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûntstie de Moderne Grykske Ferljochting troch de ynfloed fan 'e ideälen fan 'e Frânske Revolúsje. Dêrmei waard de grûnslach lein foar de Grykske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't op 23 maart 1821 útbriek doe't Grykske rebellen de stêd Kalamata, yn it suden fan 'e Peloponnesos, besetten. Binnen in pear moannen wisten de rebellen it grutste diel fan it skiereilân te befrijen, útsein in pear fêstings oan 'e kust en it Osmaanske garnizoensplak Tripolitsa. De striid wie ferheftich en gie mank mei oarlochsmisdieden oan beide kanten. Uteinlik waard de hiele islamityske befolking útmoarde of fan it skiereilân ferjage.

 
De Slach by Navarino wie yn 'e praktyk de ein fan it Osmaanske bewâld oer de Peloponnesos.

De Fal fan Tripolitsa, yn septimber 1821, wie lykwols in kearpunt. Underlinge skelen mank de opstannelingen boazen yn 1824 oan ta in iepen boargeroarloch, dy't Ibrahim Pasja, de Osmaanske ûnderkening fan Egypte, yn 1825 de kâns joech om syn troepen op 'e Peloponnezyske kust lânje te litten. Yn 'e fûleindige striid tusken de Griken en de Egyptners waard in grut diel fan it skiereilân ferwuostge. Foar in diel fanwegen de slachtingen dy't Ibrahim Pasja ûnder de kristlike boargerbefolking oanrjochte, besleaten it Feriene Keninkryk, Frankryk en Ruslân oan 'e kant fan 'e Griken yn it konflikt te ynterveniëarjen. Yn 1827 waard sadwaande de Osmaansk-Egyptyske float yn 'e Slach by Navarino, foar de kust fan 'e stêd Pylos, ferslein troch de alliëarde Britske, Frânske en Russyske marine. Doe't dêrnei by de Moreä-ekspedysje fan 1828 de Osmaanske en Egyptyske troepen fan 'e Peloponnesos ferdreaun waarden troch in Frânsk ekspedysjeleger, waard Nafplion, op it Argolidysk Skiereilân, de earste haadstêd fan it ûnôfhinklike Grikelân.

Yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw rekke de Peloponnesos sterk ferearmoede en ekonomysk isolearre. In oansjenlik diel fan 'e befolking ferfear nei de stêden yn oare dielen fan Grikelân, yn 't bysûnder nei Atene. Dêrnjonken wie der fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw oant de midden fan 'e tweintichste iuw ek in grutte emigraasjeweach nei de Feriene Steaten en Austraalje. It skiereilân wie op 'e nij in slachfjild ûnder de Twadde Wrâldoarloch (1941-1945) en de Grykske Boargeroarloch (1946-1949), en yn dy konflikten fûnen der guon fan 'e slimste oarlochsmisdieden plak út 'e skiednis fan Grikelân. De libbensomstannichheden op 'e Peloponnesos waarden dramatysk ferbettere nei't Grikelân yn 1981 lid wurden wie fan 'e Jeropeeske Mienskip. Ein augustus 2007 waarden grutte dielen fan 'e Peloponnesos troffen troch boskbrannen, dy't slimme skea oanrjochten en 77 deaden easken.

 
Utsjoch op Nafplion, de earste haadstêd fan it moderne Grikelân.

Neffens gegevens út 2011 hie de Peloponnesos doe in befolking fan 1.100.071 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 51 minsken de km². Etnysk sjoen bestiet de mearderheid fan 'e Peloponnezyske befolking út Griken, mei in oansjenlike minderheid fan Arvaniten (Albanezen). De measte ynwenners sprekke Gryksk, mar de Arvaniten hawwe alteast foar in diel harren eigen taal, it Arvanitysk (in foarm fan Albaneesk) bewarre. Oan 'e eastkust wurdt noch troch in pear hûndert minsken Tsakoanysk sprutsen, in oan it Gryksk besibbe taal dy't troch de Grykske oerheid as in dialekt beskôge wurdt.

It plattelân fan 'e Peloponnesos stiet bekend as ien fan 'e meast tradisjonalistyske en konservative kriten fan Grikelân. Mar nettsjinsteande de relative earmoede fan 'e regio hawwe ynwenners fan 'e Peloponnesos sûnt de Grykske Unôfhinkliheidsoarloch fan 'e 1820-er jierren altyd fierhinne de Grykske polityk behearske. Sa wie de grutte mearderheid fan 'e premiers fan Grikelân ôfkomstich fan it skiereilân, krekt as de machtige famyljes Zaimis, Mavromichalis, Varvitsiotis, Stefanopoulos en Papandreou. Ek de sake-elite fan Grikelân komt foar in grut part fan 'e Peloponnesos, wylst de Manioaten (fan it Many-skiereilân yn it suden fan 'e Peloponnesos) tradisjoneel de Grykske Striidkrêften dominearje. Lju fan 'e Peloponnesos hawwe sadwaande yn Grikelân in reputaasje fan slûchslimmens en politike konneksjes.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.