Speedway
Speedway (Ut it Ingelsk, sprek út: "spiid-wee") is in foarm fan baan-motorsport mei lichte motorfytsen dy't in relatyf sterke motor hawwe, riden op in sintelbaan of in gravelbaan. De motorfytsen hawwe in 500cc fjouwertaktmotor; de hurde flakke baan is in ovaal fan 200 oant 400 meter.
Om't de masine gjin fersnellings hat, moat de faasje goed fêsthâlden wurde. Dat de rider set yn de bochten de efterkant fan motorfyts dwers op de rjochting fan it stjoer. Troch de faasje wol it reau rjochtút, nei de bûtenkant fan de bocht, mar troch de rjochting fan it eftertsjil wol it nei de binnenkant. Dy tsjinstelling makket it mooglik mei in protte faasje skowend de bochten troch te kommen. Lykwols moat de rider om oerein te bliuwen al de lofter foet op de baan sette; dy skoech hat spesjaal dêrfoar in soal fan stiel.
Speedway is opkaam oan it begjin fan de 20e iuw. Ynternasjonaal is it in populêre sport, fral yn it midden en noarden fan Jeropa. Under oaren yn Poalen en Ingelân binne grutte kompetysjes mei beropsriders.