Speelstad Oranje
Speelstad Oranje wie in yndoar attraksjepark, oanlein yn in eardere Ierappelsetmoalfarbryk yn it Drintske Oranje.
Speelstad Oranje | ||
ferdivedaasjepark | ||
Speelstad Oranje (2014) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Midden-Drinte | |
plak | Oranje | |
adres | Oranjekanaal Noordzijde | |
koördinaten | 53° 54' NB, 6° 26' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Yndoar Attraksjepark | |
eigner | Hennie van der Most | |
iepen | 1992 | |
oerflak | 4 hektare | |
achtbanen | 1 | |
skiednis | ||
iepening | 24 july 1992 | |
sluting | 27 septimber 2015 | |
kaart | ||
In attraksjepark yn it eardere fabryk
bewurkje seksjeYn 1985 kocht oprjochter Hennie van der Most it eardere ierappelmoalfabryk yn Oranje. It fabryk waard yn 1980 sletten. Oarspronklik woe Van der Most in hannelsûndernimming yn it fabryk begjinne. De boargemaster fan Oranje stelde lykwols foar wat rekreatyfs te dwaan mei it ferlitten fabryk. Van der Most hie earder suksessen helle op it mêd fan rekreaasje: sa rjochte er earder rekreaasjesintrum De Bonte Wever yn Slagharen op. Op 24 july 1992 waard "Speelstad Oranje" iepene.
It plan wie om in ienfâldich park te meitsjen rjochte op bern fan 3 oant 12 jier. It attraksjepark waard lykwols wat wiidweidiger as pland: der kamen ûnder oare boatsjes, in midgetgolfbaan en sels in achtbaan. It park hie sukses: in soad bern giene nei "Speelstad Oranje" op skoalreiske en der waarden tal fan jierdeis fierd. It wie yn de 1990-er jierren it grutste oerdekte attraksjepark fan Nederlân. Van der Most woe it park dan ek fierder útwreidzje. De oprjochter fan it attraksjeparkpark besleat fakânsjehúskes op de 20 bunder grûn om it âlde fabryk hinne del te setten. By "Speelstad Oranje" kamen ta "Pipohuzen": omboude kuolwagons dy’t troch keunstner Chris Veldhof kleurryk beskildere wiene as wenweinen, ynspirearre op de tillefyzje-rige Pipo de Clown.
Foar de finansjele krisis wiene de 257 húskes yn it fakânsjepark yn de fakânsje geregeld folboekt. Troch de kredytkrisis gie it lykwols hieltyd minder mei it park. It "Pipodorp" waard úteinlik yn 2014 sletten. Yn septimber dat jier waard dúdlik dat Hennie van der Most it "Pipodorp" foar trije jier oan it COA ferhierd hie, om der asylsikers yn op te fangen.
Yn de maitiid fan 2015 besleat Van der Most ek it attraksjepark yn it neijier fan 2015 te sluten. Snein 27 septimber 2015 wie de lêste dei dat it park iepen wie foar publyk. It park draaide al in pear jier mei ferlies om't it besikers oantal werom rûn. Mei troch konkúrinsje fan it yn 2010 yn Coevorden iepene "Plopsa Indoor" fan it by bêrn populêre Studio 100.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|