Hongkong of Hong Kong (Kantoneesk: 香港, Hēunggóng) is in Spesjale Bestjoerlike Regio yn Sina. It gebiet leit oan de Súd-Sineeske See beslacht 1.099 km² 236 eilannen. It gebiet is fral in stedekloft; der wenje 7.055.071 minsken (2009). Op 26 jannewaris 1841 waard it Hongkong in britske kroankolony. Yn 1898 waard it gebiet útwreide mei al it gebiet nei it noarden ta, oant de Sjenjong rivier. Dit gebiet waard formeel foar 99 jier troch de Britten hierd fan Sina. Doe't Sina de pacht net ferlingje woe, is gâns it gebiet, ynklusyf de kroankoloanje, yn 1997 weromjûn oan Sina.

Hongkong
香港
Bestjoer
Lân Sina
Bestjoer Spesjale Bestjoerlike Regio Hongkong
Sifers
Ynwennertal 7.055.071 2009
Oerflak 1.108 km²
Befolkingsticht. 6480 km²
Oar
Stifting 1842 (ferdrach mei Grut-Brittanje)
Tiidsône UTC +8
Koördinaten 22°18' NB, 114°10' EL
Offisjele webside
www.gov.hk
Satellytfoto fan Hongkong, de pearse dielen binne beboud.
Klimaatdiagram fan Hongkong.


Hongkong leit oan de súdkust fan Sina, yn it westen fan de Súd-Sineeske See. It gebiet beslacht in skiereilân en 262 eilannen; de wichtichste dêrfan binne Lantau (146,2 km²), Hongkong Eilân (88,3 km²), Lamma (13,6 km²), Cheung Chau, Peng Chau en Tsing Yi binne. Geografysk wurdt it gebiet yndield yn Hong Kong Eilân, Kowloon, New Territories en de fierlizzende eilannen.

De Spesjale Bestjoerlike Regio beslacht in oerflak fan 1.104 km², dêr't 25 persint fan beboud is. Dat hat benammen te krijen mei de ôfrinnende skeanten fan de bergen dêr't net op boud wurde kin. It heechste punt is de Tai Mo Shan mei 958 meter, de Victoria Peak is mei 552 meter net de heechste, mar wol bekendste berch fan Hongkong.

It klimaat fan Hongkong is tropysk fochtich mei in trochsnee temperatuer fan 22,5 °C yn 't jier, 2409 mm rein en tsien wiettige moannen. De winter is fan jannewaris oant maart en is koel en drûch, de simmer fan april oant septimber is hyt en der falt in soad rein; yn 'e hjerst (oktober oant desimber) is it waarm en drûch. Yn de simmer is der gauris in tyfoan; ien sa'n tyfoan hat op 18 septimber 1906 mei in hege floedweach 100.000 minsken it libben koste.

 
Befrijing nei de Japanske besetting fan Hongkong yn 1945. De flaggen fan Grut-Brittanje en Sina wurde hise.

De ierste fynsten yn it gebiet binne likernôch 5.000 jier âld. Der binne saken út it Neolitikum fûn, dêrtroch kin sein wurde dat Noard-Sineeske Stientiid-kultuer, de Longshan, syn ynfloed yn it gebiet hân hat. Yn it tiidrek fan de Song-dynasty (970-1279) setten de Han-Sinezen út Noard-Sina har yn it gebiet nei wenjen. Hongkong hat yn it Sineeske Ryk in hiel skoft in plak sûnder betsjutting west. Yn 1699 sette de Britske Eastyndyske Kompanjy (British East India Company) foet oan wâl yn Sina. Yn it jier 1711 kaam der in hannelspost yn Guangzhou. Doe't de Britten Opium nei Sina brochten folge de earste Opiumkriich, dy't einige mei de besetting fan Hongkong troch de Britten. Yn 1842 waard tusken it Sineeske keizerryk en de Britske Eastyndyske Kompanjy it Ferdrach fan Nanking tekene, dêr't Hongkong in jier letter in Britske kroankolony troch wurde soe. Yn 1860 krige de kroankolony mear grûngebiet. De New Territories kamen yn 1898 mei in oerienkomst tusken beide lannen by de kroankolony. Sa koe de kolony himsels fan iten en drinken foarsjen en koe út militêr eachpunt better ferdigene wurde. It pachtkontrakt wie tekene foar 99 jier. Nei de Opiumkrigen waard Hongkong in frij hannelsplak en ûntjoech him gau ta in wichtige hannelsstêd yn Súdeast-Aazje. In protte minsken dy't om hokfoar reden ek ferfolge waarden flechten nei Hongkong. Yn 1851 hie de stêd 33.000 ynwenners, yn 1931 wennen der al 879.000 minsken, dêr't 95 persint Sineesk fan is. Fan 25 desimber 1941 oant en mei 15 augustus 1945 wie Hongkong beset troch de Japanners. Britske, Kanadeeske en Yndyske troepen fochten mei de Frijwillige Troepen Hongkong tsjin de ynvaazje fan Japan dy't plakfûn op 8 desimber 1941, 8 oeren nei de oanfal op Pearl Harbor. De Japanners hienen earste deis al de oermacht yn 'e loft en op it lân. Doe't Hongkon yn 1945 befrijd waard troch Britten en Kanadezen yn de Twadde Slach om Hongkong, wennen der noch mar 600.000, yn tsjinstelling ta 1,6 miljoen foar de kriich.

 
It finansjele distrikt fan Hongkong yn 1955.

Nei de Twadde Wrâldkriich folge yn Sina de Sineeske boargerkriich. De flechtlingen út Sina teagen nei Hongkong. Op 1 oktober 1949 waard de kommunistyske Folksrepublyk Sina útroppen. Dêrop folge in flechtlingeweach fan hûnderttûzenen minsken nei Hongkong. In protte útlânske bedriuwen út Shanghai gongen nei Hongkong. Oan it begjin fan de fyftiger jierren kaam de nije Folksrepublyk troch in hannelsembargo yn in krisis. Doe't it yn Sina wer better gong kaam de ekonomy yn Hongkong goed fan 'e grûn en de stêd ûntjoech him as in wichtich hannels- en yndustryplak. Yn de sechtiger jierren is der rebûlje yn de stêd, omdat de kommunisten it net lykfine kinne mei it Britske bewâld. De rebûlje wurdt mei geweld delslein. Nei de dea fan Mao Tse-toeng iepene syn opfolger Deng Xiaoping de Sineeske ekonomy foar it bûtenlân. Yn de tachtiger jierren gong in soad yndustry nei Sina. Tenei wie de hannels- en tsjinstesektor de basis fan de stêdsekonomy. Neffens in ferdrach tusken it Feriene Keninkryk en Sina fan 19 desimber 1984 soe Hongkong weromjûn wurde oan Sina. It Feriene Keninkryk ûnder Margaret Thatcher woe Hongkong noch wol langer behâlde, mar de Folksrepublyk Sina woe it kontrakt mei de Britten net ferlingje. Yn july 1989 waard kundich makke dat ynwenners fan Hongkong, ek mei Britske pas, har net nei it Feriene Keninkryk mochten. Dochs emigrearren in protte minsken nei it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada of oare net-kommunistyske lannen. Op 1 july 1997 rûn it kontrakt ôf en Hongkong kaam wer by Sina. Hongkong waard in Spesjale Bestjoerlike Regio, dêr't fyftich jier letter pas deselde regels jilde sille as yn de rest fan Sina. Troch dy stadige oergongsfase hopet it Sineeske regear dat Hongkong ekonomysk like sterk bliuwt. Yn 2005 wie nei seis jier bouwen Hong Kong Disneyland klear. Yn itselde jier fûn der in konferinsje fan de wrâldhannelsorganisaasje plak mei grutte protesten. Foar de earste kear yn de skiednis fan Hongkong marsearre it Sineeske Befrijingsleger op 1 july 2006 troch de stêd.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
Distrikten fan Hongkong

Hongkong hat 18 bestjoerlike distrikten. Elk distrikt hat in eigen distriktsrie en jout advys oan it regear op it mêd fan fasiliteiten, projekten foar de mienskip, kulturele eveneminten en miljeu. Meiïnoar binne der 534 sitten alle distrikten, dêr't 405 fan keazen wurde, de rest wurdt beneamd troch de Chief Executive en 27 kommisjeleden. De Chief Executive is de heechste man fan de Spesjale Bestjoerlike Regio Hongkong.

De 18 distrikten wurde ornaris yn trije parten yndield. It eilân Hongkong is de Britske kolony fan 1842, dêr't is hjoed de dei it finansjele sintrum oan de noardkust leit. Kowloon leit oarekant it wetter fan it eilân Hongkong, it kaam yn 1860 by de Britske kolony. De New Territories en it noardlike part fan Kowloon (Nij Kowloon), útsein Kowloon-Stêd, kamen yn 1898 by Hongkong.

Yn it jier 2000 binne de twa gemeente ôfskaft. Der is in unitêr bestjoerlik systeem, gjin lokale bestjoerlike ienheden. Sadwaande is de politike definysje foar doarpen en stêden net fêstlein.

 
Gebou fan de Wetjouwende Ried.
 
Regearingshûs, residinsje fan de Chief Executive.

Neffens it ferdrach (Sino-British Joint Declaration) tusken Grut-Brittanje en Sina fan 1984 is Hongkong hjoed de dei in spesjale bestjoerlike regio. De Spesjale Bestjoerlike Regio Hongkong is in autonoom gebiet dat syn eigen wetten en regels hat, allinnich definsje en útlânske saken wurde troch de Folksrepublyk Sina regele. It belied is "ien lân, twa systemen". It ferdrach makket in kaputalistyske ekonomy mooglik en ferwissiget de rjochten en frijheden fan de ynwenners foar op syn minst 50 jier nei de oername fan 1997. De Basiswet is in grûnwetlik dokumint dêr't de útfierende, wetjouwende en rjochtlike macht yn omskreaun binne, mar dy mei net stridich wêze mei de grûnwet fan Sina.

Wetjouwende macht
De Legislative Council of Hong Kong hat 30 leden dy't direkt keazen wurde, de oare 30 leden wurde troch kieskommisjes of de Folksrepublyk Sina keazen.
Utfierende macht
De Spesjale Bestjoerlike Regio Hongkong hat in saneamde Chief Executive as heechste gesach fan de útfierende macht. It kabinet hat 29 leden.
Rjochterlike macht
Oars as yn Sina is it rjochterlike systeem yn Hongkong in oerbliuwsel út de Britske tiid. De Hege Appelrjochtbank (Court of Final Appeal) is it heechste rjochterlike gesach fan Hongkong. Dêrnei folget de normale rjochtbank (High Court) en de distriktsrjochtbank.

De presidint fan Sina is de monarch fan Hongkong.

Foar Hongkong in Britske kolony waard wie it in fiskersdoarp mei bouwurken sûnder betsjutting. De hurde befolkingsgroei yn de 20e iuw mei de goede ekonomyske ympuls soarge derfoar dat Hongkong sa grut wurde koe. De Legislative Council Building, it Sintrale Plysjestasjon en it Murray House binne noch fan de Britske tiid. Omdat in grut part fan it gea út hege bergen bestiet dêr't net op boud wurde kin, is der in protte heechbou. De heechste bouwurken fan Hongkong binne Two International Commerce Centre mei 415 meter en de International Commerce Centre mei 484 meter.

Foto mei wolkekliuwers naam fan Hong Kong Eilân, oarekant it wetter leit Kowloon.
  • Hong Kong Museum of History
  • Hong Kong Science Museum
  • Hong Kong Space Museum
  • Heritage Museum (Sha Tin)

Yn Hongkong is in ryk ferskaat oan bars, disko's, clubs en restaurants. Westerske útgeansplakken binne te finen yn de stedsdielen Lan Kwai Fong, Wan Chai en Soho-Toho, 'echte' Aziatyske plakken lykas karoake-bars binne te finen yn Mongkok. Elke dei is der om 20.00 oere in ljochtshow dy't men it bêste sjen kin op de Avenue of Stars.

De lokale koken fan Hongkong is suver lyk oan de kantoneeske koken. Farske produkten binne hiel belangryk. Der wurdt in protte gebrûk makke fan krûden, minder fan skerp guod. Unyk yn de Sineeske koken is de oanwêzigens fan in (swiet) neigesetsje; dy is fierders yn Sina net bekend. Tige populêr is it moarnsbrochje en iten tusken de middei is Dim Sum. Snelrestaurants binne der by de roes, gearkokens en hotels binne oant sa likernôch 16.00 oere iepen. Neist de lokale koken en Sineesk iten is der ek Japansk, Koreaansk, Yndysk en oare kokens út Súdeast-Aazje. Fastfood-iten is hast oeral te krijen.

 
Merk yn in lytse strjitte.

Troch de lege belestingen is Hongkong in winkelparadys. De grutste groep winkeltoeristen komt út Japan. Der binne winkelsintrums by ‘t soad, dêr't it toerisme in wichtige sektor troch is. In hiel skoft wie de stêd bekend om de ferkeap fan goedkeape elektroanika, hjoed de dei komme de prizen aardich oerien mei dy fan oanbuorjende lannen. Op ferskillende plakken yn de stêd is merk, dêr’t goed farsk iten en goedkeape klean ferhannele wurdt. Der is ek nachtmerk, lykas de Ladies′ Market yn Mong Kok of de Temple Street Night Market yn Kowloon. Foar toeristen is de Jademerk mei al syn neimakke guod tige nijsgjirrch. Der binne gjin offisjele slutingstiden, yn gebieten mei in protte toeristen binne de winkels 24 oeren iepen. Lytse winkels, dêr’t net sa’n protte toeristen komme, slute sa likernôch om middernacht en binne de oare deis om 11 oere wer iepen. Winkelsintra bûten de toeristyske gebieten binne ornaris iepen fan 8 oere moarns oant 22 oere jûns.

Hongkong is ek bekend om syn filmyndustry. In protte aksjefilms wienen yn de sechtiger en santiger jierren populêr. In protte akteurs út Hollywood binne yn Hongkong begûn, lykas Bruce Lee, Chow Yun-Fat en Jackie Chan. Ek regisseurs lykas John Woo, Wong Kar-wai en Tsui Hark binne ferneamd wurden yn Hollywood. Chungking Express, Infernal Affairs, Shaolin Soccer, Rumble in the Bronx, en In the Mood for Love binne ynternasjonale films út Hongkong.

It regear yn Hongkong hâldt gjin tafersjoch op de media. Oarsom krijt de media gjin stipe fan it regear. Koartsein, der is parsefrijheid en alle media is kommersjeel.

Kranten en tydskriften binne yn it Ingelsk en Sineesk. Meiïnoar binne der sa likernôch 50 ferskillende publikaasjes. Kwaliteitskranten binne de South China Morning Post en The Standard (beide Ingelsk), Ming Pao en Economic Journal (beide Sineesk). De meast suksesfolle roddelkranten binne de Apple Daily en Oriental Daily, beide kranten binne yn it Sineesk en hawwe de heechste oplagen. Utlânske kranten binne hast oeral yn Hongkong te krijen.

Hongkong hat in grut tal radiostjoerders. De measte stjoerders hawwe harren programma’s yn it Sineesk, en lyts tal docht it yn it Ingelsk.

De kommersjele telefyzje dy’t yn Hongkong makke wurdt is ek yn oare Aziatyske lannen te sjen. Bygelyks de dramasearjes dy’t yn Hongkong makke wurde binne ek te sjen yn Sina. Ynternasjonale telefyzjestjoerders en protte stjoerders út Sina binne ek yn Hongkong op de kabel te sjen.

Alle bern tusken 6 en 15 jier ha skoalplicht. Skoallen binne sûnt de santiger jierren fergees. Skoallen dy’t bûten de skoalplicht falle binne djoer. De ûnderwiistaal oant 1997 wie yn de measte skoallen Ingelsk. Nei de oername troch Sina waard de ynstruksjetaal Sineesk (Kantoneesk).

De opbou fan it skoalsysteem sjocht der sa út:

  • tusken 3-6 jier, pjutteboartersplak, net-ferplichte;
  • tusken 6-12 jier, 6 jier basisûnderwiis, ferplichte;
  • tusken 12-15 jier, 3 jier ûnderbou fuortset ûnderwiis, ferplichte;
  • tusken 15-17 jier, 2 jier boppebou fuortset ûnderwiis, net-ferplichte.

Nei de boppebou fan it fuortset ûnderwiis nimme de bern diel oan it steatseksamen (HKCEE), dêr’t se in sertifikaat (Certificate of Education) foar krije kinne. Om fierder te studearjen oan de universiteit moatte de bern nochris twa jier nei skoalle. Dêrnei folget in test om talitten te wurden ta de universiteit.

Der binne acht universiteiten en twa akademyske ynstituten. Dêrneist binne der noch aardich wat hegeskoallen.

Yn de fyftiger jierren fan 20e iuw kaam de yndustry yn hurd tempo fan 'e grûn. De belangrykste produkten wienen klean, horloazjes, elektroanika en boartersguod. Troch de hegere salarissen en de iepen ekonomy polityk fan Sina yn de tachtiger jierren is in grut part fan de yndustry fuortgong nei de fêstewâl fan Sina. Oare sektoaren toerisme, tsjinsten en hannel binne hjoed de dei ryklik fertsjinwurdige yn Hongkong. De muntienheid is de Hongkongske dollar (HKD).

 
De Wong Tai Sin-tempel

De ynwenners fan Hongkong wurde somtiden Hongkongers neamd. Oan 'e ein fan 2007 hie de stêde mear as 7 miljoen ynwenners. It bertesifer yn Hongkong is 0,95 bern de frou, ien fan de leechste bertesifers fan de wrâld. Troch ymmigranten út Sina, sa likernôch 45.000 yn 't jier, groeit it ynwennertal noch hieltyd. De libbensferwachting yn Hongkong wie 81,6 jier yn 2006, it seisheechste fan de wrâld. Sa'n 95 persint fan de ynwenners binne Han-Sinezen. De oare 5 persint fan de befolking is net fan Sineeske komôf. Der wenje Poenjabieren, Sindiërs, Pakistanen en Nepalezen út Súd-Aazje. Guon flechtlingen út Fietnam meie no permanint yn Hongkong bliuwe. Yn de hannel- en tsjinstesektor wurkje Europeanen (in protte Britten), Amerikanen, Australiërs, Kanadezen, Japanners en Koreanen. De measte Britten dy't der wenje binne hingjen bleaun nei de oername fan 1997. 95 persint fan de befolking praat Kantoneesk. It Ingelsk hat neist it Kantoneesk in offisjele status, mar neffens in folkstelling fan 1996 mar troch 3,1 persint fan de befolking praat. Hongkong is lykwols foar in grut part twatalich, ek op ferkearsbuorden. Sûnt de oername fan 1997 binne der mear flechtlingen fan de fêstewâl fan Sina nei Hongkong kaam, dêr't der hieltyd mear sprekkers fan it Mandaryn troch yn Hongkong wenje.

Yn Hongkong is de frijheid fan religy fêstlein yn de wet. 90 persint fan de befolking fan Hongkong leaut oan ien of mear lokale religy's, benammen Boedisme en Taoïsme. Der is in kristlike mienskip fan sa likernôch 600.000 minsken, dy't meiïnoar 8 persint fan de befolking útmeitsje. It tal Protestanten en Katoliken is heal om heal, neist in pear lytse mienskippen mei Mormoanen en Jehova's Tsjûgen. Der binne ek Sikh-, Moslim-, Joadske-, Hindû- en Hahaimienskipen. Fuort nei de oerdracht oan Sina yn 1997 wie der noed en soarch oer de frijheid fan religy. No is, oars as op de fêstewâl fan Sina, oeral frijheid fan religy, mei de Falûn Gong-oanhingers dy't oefenje meie yn Hongkong, en de Anglikaanske Tsjerke en Roomsk-Katolike Tsjerke dy't harren eigen biskoppen beneame meie.

Hong Kong International Airport is ien fan de grutste fleanhavens fan de wrâld en leit op it eilân Lantau. Yn 2007 wienen der 47 miljoen passazjiers en 3,74 miljoen ton fracht.

 
Tram yn Hongkong

90 persint fan de deistige reizgers yn Hongkong meitsje brûkme fan it iepenbier ferfier. De bussen yn Hongkong, dêr't in grut part dûbeldekkers fan binne, ride sûnt 1933 troch Hongkong. Troch de stêd rinne metro-, trein-, tram- en lightrail-ferbinings.

De taksy's yn Hongkong ha trije ûnderskate kleuren:

  • Reade taksy's ride troch de hiel Hongkong, útsein gebieten dy't spesjaal foar blauwe taksy's ornearre binne.
  • Griene taksy's ride yn de New Territories.
  • Blauwe taksy's ride op Lantau Eilân.

Alle taksy's meie nei it fleanfjild of Disneylân ride.

De Star Ferry is in fearboattsjinst yn de Victoria Harbour en fart al mear as 120 jier. Oer fjouwer ferbinings wurde sa'n 53.000 passazjiers per dei betsjinne. It is in symboal foar de stêd en biedt in prachtich panoramo fan it wetter ôf. Oare fearboattsjinsten farre nei de fierlizzende eilannen, new towns, Makau, en stêden oan de fêstewâl fan Sina.

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • Lonely Planet Hong Kong & Macau, útjouwer Lonely Planet, 388 siden, printinge 2008, ISBN 978-1-74104-665-6 Ingelsk
  • This is Hong Kong, útjûn troch it regear fan Hongong, jier 2009, 49 siden. PDF-triem Ingelsk

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Hongkong – foto, fideo en harktriemmen