Spinnekop fan polder 41 (Ljouwert)

De mûne fan polder 41 wie in spinnekop oan de Himpenserdyk yn it buorskip Tearns, tsjintwurdich Ljouwert.

Mûne fan polder 41
bouwurk
De ûnderbou yn 1983
De ûnderbou yn 1983
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Himpenserdyk
bysûnderheden
type bouwurk spinnekop
boujier 1832 of earder
sloopjier 2000

De spinnekop waard yn 1832 boud en bemealle it wetter út polder 41 op de sleat dy't op de Greuns útkaam. Sûnt 1928 wie de spinnekop ûnttakele, mar it 4 meter hege en likernôch 2,2 meter by 2,2 meter brede ûnderhûs bleau noch lang stean om't dêr in elektromotor yn stie.

De mûne hie in flecht fan likernôch 12 meter. It ûnderhûs wie mei pannen dutsen en wie foar de sloop al yn ferfal. Mei de oanlis fan de wyk Suderbuorren yn 2000 waard ek de ûnderbou ôfbrutsen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: