Sportpark De Bosk

Sportpark De Bosk is it sportpark en stadion fan de Harkemase Boys. It sportpark bestiet út mei-inoar fiif fjilden, ien haadfjild, twa byfjilden en twa treningsfjilden. Om it haadfjild hinne stiet in stadion dêr't 5.000 minsken yn kinne. It stadion hat in sittribune oan de westkant fan it fjild, mei 450 oerdutsen sitplakken. Oan de eastkant stiet in oerkape steantribune, dy jout plak oan 2.500 minsken.

Om it haadfjild hinne steane 8 ljochtmêsten mei 20 lampen dy't in trochsneed ljochtopbringst hawwe fan 273 lux. Dat is rom boppe de eask fan de KNVB, dy't de limyt op 200 lux steld hat. De ljochtpunthichte leit op 15 meter.

It kluphûs fan Sportpark De Bosk hat yn 2005 in grutte ferbouwing en útwreiding krige. It klupgebou hat in eigen romte foar de supportersferiening. En ek foar de sponsorgroep fan de Harkemase Boys is in eigen romte realisearre by de ferbouwing, op de earste ferdjipping hawwe hja de romte 'Dyksicht' ta harren foldwaan.[1]

Fuotbalklup Fuotbalferiening Harkema-De Pein spilet ek op Sportpark De Bosk. Dy klup hat lykwols de beskikking oer oare fjilden en in apart klupgebou.

Al in skoft binne hja dwaande mei it oanlizzen fan in keunstgersfjild op Sportpark De Bosk. Mar der is gjin mearderheid yn de gemeenterie fan Achtkarspelen fûn om dêr jild foar frij te meitsjen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Over de club, offisjele hiemside Harkemase Boys (sjoen op 3 novimber 2010)
  2. Geen steun voor motie kunstgrasveld Harkemase Boys, DeFeanster.nl (sjoen op 14 novimber 2010)

Info Harkemase Boys (sjoen op 3 novimber 2010)