Sportpark Fuotbalferiening Snits Wyt Swart

Sportpark Fuotbalferiening Snits Wyt Swart, foarhinne: De Appelhof, is de akkomodaasje fan Fuotbalferiening Sneek Wit Zwart yn de stêd Snits.

De haadtribune foar de ferbouwing

Histoarje bewurkje seksje

Op 12 septimber 1937 naam Fuotbalferiening Snits, nei in jierrenlange swalktocht troch Snits, it sportpark oan de Lemmerwei yn gebrûk. De iepeningswedstriid op 'De Appelhof' waard spile tsjin AFC út Amsterdam.

Hjoeddeiske akkomodaasje bewurkje seksje

De namme "Appelhof" is net mear, tsjintwurdich hjit it kompleks Sportpark VV Sneek Wit Zwart. It âlde haadfjild is begjin dizze iuw ferfongen troch in keunstgersfjild, dêrneist is de âlde kantine omboud ta Sponsorhome en is yn 1979 in nije kantine anneks tribune/bestjoerskeamer boud. De yngong oan de Lemmerwei is ôfsluten en fersetten nei de Molekrite, oan de oare side fan it park. Op it terrein binne no:

  • 3 spylfjilden (1 haadfjild, allegear ferljochte/2 keunstgersfjilden)
  • 1 treningsfjild (ferljochte)
  • Kantine mei bestjoerskeamer (kap.: 250 persoanen)
  • Sponsorhome (foarhinne: kantine)
  • Oerdekte tribune (kap.: 500 sitplakken)
  • Stean-tribune

De totale taskôgerskapasiteit leit op dit momint om de 4.500. De lêste kear dat sa'n oantal helle waard, wie by 'Foppe's Finale': de ôfskiedswedtriid fan Foppe de Haan as haadtrener fan Sportclub It Hearrenfean.

Ferbouwing 2008-2011 bewurkje seksje

Yn 2008 is begûn mei de ferbou fan it sportpark. Troch de oanlis fan de nije Ring A7 om Snits binne twa fjilden (wêrûnder it haadfjild) ferpleatst. Twa fjilden (wêrûnder it haadfjild) binne fefongen troch keunstgersfjilden. Sûnt 2010 waard boud oan ín útwreiding fan de tribune, klaaikeamers en bestjoerskeamer. De ferbouwing wie yn 2011 klear.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: