St. Helen's Bishopsgate

De St. Helen's Bishopsgate is in protestantske tsjerke oan 'e Bishopsgate yn it histoaryske hert fan de Ingelske haadstêd Londen.

St. Helen's Bishopsgate
Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen, EC3A 6AT
adres Great St Helen's
koördinaten 51° 30' N 0° 4' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ingelân
bisdom Londen
Arsjitektuer
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.st-helens.org.uk
Kaart
St. Helen's Bishopsgate (Londen)
St. Helen's Bishopsgate
 
Ynterieur.

De tsjerke datearret út de 12e iuw en waard foar it earst neamd yn 1210 as in twaskepige tsjerke fan de Benediktinen.

Oant de opheffing fan 'e priorij yn 1538 wie de tsjerke yn twa dielen opdield. It noardlike diel wie foar de nonnen en it súdlike diel wie foar it gewoane tsjerkefolk ornearre. It is it iennige gebou fan in frouenkleaster, dat hjoeddedei noch yn 'e City of London te finen is. De lêste kleastergebouwen waarden yn 1799 ôfbrutsen.

De goatyske tsjerke waard yn 'e jierren 1891-1893 restaurearre.

De tsjerke is ien fan de pear tsjerken dy't de Grutte brân fan Londen yn 1666 en de bommen op 'e stêd yn 'e Twadde Wrâldkriich oerlibbe. Yn 1992 en 1993 waard de tsjerke lykwols swier skeind troch it ôfgean fan IRA-bommen yn 'e omjouwing. It dak fan de tsjerke waard optild en alle ruten sneuvelen, wêrûnder in midsiuwsk raam. De krêft fan 'e bommen skansearre boppedat it oargel en de tombe fan Sir Julius Caesar Adelmare.[1]

 
Fiktoariaansk alterstik.

De tsjerke ûngergyng dêrnei in goed slagge restauraasje, alhoewol't in protte fan 'e âldere monuminten yn 'e tsjerke folslein ferneatige wiene.

In ferneamd tsjerkelid fan de St. Helen's wie William Shakespeare.[2]

Keppeling om útens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: