Stalking

(Trochferwiisd fan Stalker)

Stalking (útspr.: ['stɔ:kɪŋ], "stôking", en net "stal-king", sa't Nederlanners it faak misútsprekke) is it systematysk lestichfallen fan immen, troch dy persoan te efterfolgjen en allegeduerigen op hinderlike wize kontakt mei dy persoan op te nimmen. De term 'stalking' komt út it Ingelsk en is ôflaat fan it tiidwurd to stalk, dat "beslûpe" betsjut, ornaris yn 'e sin fan it beslûpen fan jachtwyld troch de jager. Stalking is in misdriuw dat yn guon gefallen ek bedriging omfiemet. Stalking kin mei lytse dingen begjinne en stadichwei oanboazje ta slimmere strafbere feiten, lykas kwealaster, smaad, cybernarderij, wraakporno, fandalisme, mishanneling, seksueel misbrûk of sels moard.

Yn 'e measte gefallen giet it by stalking lykwols om in opinoarsteapeling fan feiten dy't op harsels net strafber binne, lykas it efterneirinnen fan immen op 'e strjitte en yn iepenbiere gelegenheden lykas kafees en winkels, it oanhâldend skiljen, sms-en, skriuwen of e-mailen fan dyselde persoan en it stjoeren fan kado's oan dy persoan, lykas boeketten blommen of doaskes bonbons. It slachtoffer kin dêrtroch lykwols it gefoel krije terrorisearre te wurden, mei't hy of sy nea wit wat him of har no wer te wachtsjen stiet. Dat gefoel nimt noch ta neigeraden dat de stalker almar fierder ûntspoart en dingen begjint te dwaan lykas it tastjoeren fan deade bisten (pykjes, rotten, ensfh.), it uterjen fan mûnlinge en skriftlike bedrigings of it pleatsen fan rou-advertinsjes op namme fan it slachtoffer yn deiblêden.

Stalkers kinne om ferskillende redens ta har dieden komme, al giet it frijwol altyd om lju dy't psychysk en/of emosjoneel labyl binne. Faak giet it om in earder minner(esse) fan it slachtoffer, dy't it net ferkropje kin dat it slachtoffer in ein oan 'e relaasje makke hat en dêrom wraak nimme wol of gewoan wegeret om 'e ein fan 'e relaasje te akseptearjen. Ek is it mooglik dat in stalker him of har in leafdesrelaasje mei it slachtoffer ynbyldet dy't yn wurklikheid nea plakfûn hat. Soks hjit erotomany, en bart nochal ris mei fans fan bekendheden, dy't yn har eigen holle in relaasje ûnderhâlde mei harren idoal.

Stalking kin it bêste tsjingien wurde troch de stalker safolle mooglik te negearjen, om't ek in negative reäksje troch de stalker as in beleanning opfetten wurdt. As negearjen net wurket, is it it bêste en ûntnim de stalker de mooglikheid om noch kontakt op te nimmen mei it slachtoffer. Guon tillefoanmaatskippijen fiere dêrta it belied om by weromkearende klachten op it mêd fan stalking de tillefoanferbining fan 'e dieder ôf te sluten. Ek it nimmen fan in geheim tillefoannûmer troch it slachtoffer kin soms útkomst biede, al sille de measte stalkers dan nei oare mooglikheden sykje. Foarhinne wie it sa dat de plysje neat dwaan koe salang't in stalker gjin geweld brûkte of oare strafbere feiten die, mar sûnt 2000 is stalking yn Nederlân op himsels al strafber ûnder kêst 285b fan it Wetboek fan Strafrjocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.