Stamford (Lincolnshire)
Stamford is in plak (town en civil parish) yn it distrikt South Kesteven, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. It leit sa'n 100 km benoarden Londen, oan de eastkant fan de A1 nei York en Edinboarch en oan de rivier de Welland. Neffens de folkstelling fan 2001 wennen dêr 21.800 minsken,[1] mar dêr sitte de ynwenners fan it oanswettende kerspel St Martin's Without by yn.
Stamford | ||
High Street Stamford | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | East Midlands | |
Greefskip | Lincolnshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.525 (2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | BSE (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Stamford Town Council |
It stedsje is it meast ferneamd fan syn midsiuwske sintrum mei 17e– en 18e-iuwske stiennen gebouwen, âlde fakwurkhuzen en fiif midsiuwske tsjerken.[2]
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Burghley House (16e iuw)
- It âlde sintrum
- St. Martin‘s
- De ruïnen fan Kastiel Stamford
- Allehilligentsjerke
-
Burghley House
-
St Martin’s oan de High Street
-
Stamford Castle
-
Brêge oer de Welland
Berne yn Stamfort
bewurkje seksje- David Burghley (1905-1981), politikus en atleet
- Colin Dexter (1930), skriuwer
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|