Welland (rivier yn Ingelân)

De rivier de Welland (Ingelsk: River Welland) is in 105 km lange rivier yn it easten fan Ingelân.

Welland
De Welland yn Stamford
De Welland yn Stamford
geografy
lân Ingelân
lokaasje boarne Holthorpe Hills, Sibbertoft, Northamptonshire
mûnet út yn Noardsee
plakken Stamford, Market Deeping, Spalding
sifers
lingte 105 km
hichte boarne 160 m.
hichte mûning 1m. (The Wash)
ôfwetteringsgeb. 1.580 km²

Hy ûntspringt by Market Harborough yn Northamptonshire en streamt yn noardeastlike rjochting troch Stamford, Market Deeping en Spalding nei de Noardsee, dêr't er ûnder Fosdyke yn The Wash útmûnet. It is ien fan de gruttere wetters yn it part fan de The Fens yn Lincolnshire dat bekend is as South-Holland. Under Spalding is it in tijrivier.