Steamreedmakkerij Ruiter
Steamreedmakkerij Ruiter wie it earste redensfabryk fan Nederlân. It fabryk waard stifte yn 1860-1861 yn Akkrum, troch Geert Stevens Ruiter. Ruiter wie smid en die de redens derby.
Yn 1889 waard it fabryk oernaam troch syn soan, Geert Ruiter. Under syn lieding waard it bedriuw in slach grutter, en dit wie ek de tiid dat de keninginnereed ûntwikkele waard. Yn 1901 hienen lykwols de beide firmanten, Geert Ruiter en Johannes de Jong, spul, en gong Geert nei Boalsert dêr't er in oare reedmakkerij stifte.
De Jong gie fierder yn Akkrum, hieltiid noch ûnder de namme G. S. Ruiter. Yn dy tiid waarden ek oare produkten makke.
Nei de oarloch, yn 1948, kaam it fabryk mei in hege noar. Dy hat it bedriuw noch mear as tweintich jier makke. By einbeslút moast it bedriuw belies jaan foar de konkurrinsje út Japan en is it fabryk yn 1970 sletten.
De Steamreedmakkerij Ruiter gou as ien fan de bêste reedmakkers fan Fryslân. Sa krige it bedriuw in bryfke fan Keninginne Wilhelmina dy't tige wiis wie mei har redens fan Ruiter. It model dêr't de keninginne op ride waard fan doe ôf de keninginnereed. Mar ek koe it bedriuw nei 1942 reklame meitsje mei harren model 36, dêr't de Alvestêdewedstriden fan 1929, 1933 en 1942 op wûn waarden.