Stefan Banach
Stefan Banach (Krakau, 30 maart 1892 - Lemberg, 31 augustus 1945), wie in Poalsk wiskundige, ien fan de driuwende kreften fan de Lvov-streaming by de Poalske wiskundigen fan foar de Twadde Wrâldoarloch.
Wurkpaad
bewurkje seksjeBanach wie fral autodidakt; syn betúftens waard ûntdutsen troch Hugo Steinhaus. Doe de Twadde Wrâldoarloch útbruts wie Banach presidint fan de 'Poalske wiskunde mienskip' en professor oan de Universiteit fan Lviv. Hy wie teffens lid fan de Akedemy fan Wittenskippen fan de Oekraynske SSR. Omdat hy it goed fine koe mei Russyske wiskundigen, koe er syn heechlearaarskip behâlde ûnder de Russyske besetting fan Lviv. De Dutske besetting fan de stad yn 1941 resultearre yn in massamoard ûnder de Poalske akademisy. Banach oerlibbe, mar koe him alline yn libben hâlde troch it fieden fan luzen mei syn bloed yn it prof. Rudolf Weigl-ynstitút, dêr't ûndersyk dien waard oan tyfuseftige koarts. Yn de besetting rûn syn sûnens tebek (longkanker). Banach ferstoar noch foardat et út Lviv wei, dat nei de oarloch ynlive waard troch de Sovjet-Uny, nei Poalen emigrearje koe.
Théorie des opérations linéaires (Teoria operacji liniowych, 1932) wurdt beskôge as syn wittenskiplike bydrage mei de grutste ynfloed. Hy begûn ek mei de Studia Mathematica- rige, dêr't hy de redaksje oer hie.
Stanislaw Marcin Ulam, in oare wiskundige út Lviv, sei yn syn autobiografy oer Banach: "Goede wiskundigen sjogge analogyen. Grutte wiskundigen sjogge analogyen tusken de analogyen".
Banach wie de grûnlizzer fan de funksjonaalanalyse; hy levere ek wichtige bydragen oan de teory fan fektorromten, mjitteteory, samlingelear en oare ûnderdielen fan de wiskunde.