Stephen Crane (Newark, New Jersey, 1 novimber 1871Badenweiler, 5 juny 1900) wie in Amerikaansk naturalistysk skriuwer en sjoernalist.

Stephen Crane

Libben en wurk

bewurkje seksje

Crane waard as fjirtjinde bern berne yn in metodistefamylje en begûn al ier yn syn libben te skriuwen. Hy studearre ûnder oare oan de Universiteit fan Syracuse te New York en waard dêr letter ek sjoernalist. As sjoernalist berjochte er mannichfâld oer de skrinende tastannen yn de efterstânswiken, hokker ûnderfinings him oansetten ta it skriuwen fan syn earste roman: Maggie: A Girl of the Streets (1893, Frysk: Maggie, in famke fan de strjitte), dêr't er it libben fan in prostituee op naturalistyske wize yn behannelet. Fanwegen syn kontrofersjele tema krige it boek lykwols in minne ûntfangst.

Hjoed de dei is Crane fral noch bekend om syn roman The Red Badge of Courage (1895, Frysk: It teken fan moed), dêr't er op ynkringende wize de ûnderfinings fan in jonge soldaat yn de Amerikaanske Boargerkriich yn beskriuwt. It betsjutte syn grutte trochbraak. De roman waard yn 1951 ferfilme ûnder rezjy fan John Huston en mei Audie Murphy yn de haadrol.

Yn 1898 ferfear Crane nei Susseks yn Ingelân en kaam dêr yn kontakt mei literêre grutheden lykas Joseph Conrad en Henry James. Op grûn fan syn literêre rom waard er oarlochsferslachjouwer, ûnder oare yn de Spaansk-Amerikaanske Kriich. Tidens in seereis sloech syn skip brek en dreau guon dagen op in iepen boat, dêr't syn sûnens troch fermindere. Crana hie TBC en stoar yn 'e âldens fan 28 jier by in kuer yn Badenweiler, yn 1900.

  • Maggie: A Girl of the Streets, roman 1893
  • The Red Badge of Courage. An Episode from the American Civil War, roman 1895
  • The Black Riders and other lines, gedichten 1895
  • George`s Mother, 1896
  • The Little Regiment, and other episodes of the American Civil War, 1896
  • The Third Violet, 1897
  • The Open Boat, novelle 1898
  • The Blue Hotel, novelle 1899
  • The Monster and othe stories, ferhalen 1899
  • Avtive Service, roman 1899
  • War Is Kind, gedichten 1899
  • Whilomville Stories, ferhalen 1900
  • Wounds in the Rain, war stories, ferhalen 1900

Literatuer en boarnen

bewurkje seksje
  • A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de Wereldliteratuur, Bussum, 1980
  • Linda H. Davis: Badge of courage. The life of Stephen Crane. Houghton Mifflin, Boston u.a. 1998.

Keppelings om utens

bewurkje seksje