Steven ten Cate (Snits, 4 maart 1788 - dêre, 3 novimber 1854) wie in leartouwer, lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en eartiidsk boargemaster fan Snits.

Steven ten Cate

Ten Cate kaam út in foaroansteand en fermogend mennistelaach dat fan oarsprong út de Achterhoeke kaam. Hy hie iik- of runmole De Hoop mei de byhearrende fellebleaterij oan de Wâldfeart. Ten Cate troude Johanna Gerrits van Delden en wurke as learloaier.

Op 26 july 1838 waard Ten Cate beneamd ta boargemaster fan Snits. Hy folge Teetse Gonggrijp op, dy't it amt oant syn dea útfierde. Ten Cate wie boargemaster oant 30 oktober 1854 en ferstoar fjouwer dagen letter. Earder wie hy lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: