Stieltjeskanaal (buorskip)

Stieltjeskanaal (Drintsk: Stieltiesknaol) is in buorskip yn de gemeente Coevorden, yn de Nederlânske provinsje Drinte. De buorskip hat in oerflak fan 149 hektare en hie op 1 jannewaris 2023 245 ynwenners.

Stieltjeskanaal leit oan it lykneamde kanaal dat neamd is nei Thomas Joannes Stieltjes. Stieltjeskanaal leit oan de noardeastkant fan Coevorden en oan de súdwestkant fan Zandpol. De buorskip ûntstie by de ûntginning fan it Dalerveen. Oant 1998 lei it yn de gemeente Dalen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Stieltjeskanaal 41
  • Kop-hals-romppleats út 1907, Stieltjeskanaal 41.
  • Eardere feanarbeiderswent út 1917, Stieltjeskanaal 123.