Stienkiste
In stienkiste is in prehistoarysk grêf fan stien. Yn Sintraal-Europa en Skandinaavje wurde om 3500 f.Kr. hinne stienkisten boud, in ûntjouwing dy't wierskynlik ferbân hat mei de opkomst fan de trachterbekerkultuer. Healwei de brûnstiid is it dien mei de stienkisten. Stienkisten binne yn hiel Europa en it Heine Easten boud en kinne al as net yn groepen by inoar stean. Yn ferskillende stienkisten binne objekten fûn dy't in yndruk jouwe fan de wichtigens fan de minske dy't dêr begroeven leit. De stienkisten stean ornaris yn in rjochthoekige foarm mei platte stiennen dy't rjochtop delset binne. De measte stienkisten binne yn de grûn yngroeven of lizze ûnder in grêfheuvel. Yn de Riisterbosk yn it Gaasterlân waard yn 1849 in prehistoarysk grêf ûntdutsen. In skoftlang waard it grêf as hunebêd sjoen. By in ûndersyk yn 1996 die bliken dat it prehistoaryske grêf in stienkiste wie.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |