Stienkiste fan Riis
De stienkiste fan Riis is in archeologyske fynst by Riis yn Gaasterlân.
Yn 1849 waarden op it lânguod fan G.R.G. van Swinderen by it graven fan greppels inkele dikke stienen ûntdekt. De stienen waarden ôffierd en fereatige. Lange tiid waard er tocht dat de archeologyske fynst yn de Rysterbosk it ienige hunebêd fan Fryslân wie. Yn 1996 kaam archeolooch Jan Lanting fan de Ryksuniversiteit Grins ta de konklúzje dat it om in stienkiste gie.[1] It grêf is mar 1 meter breed, krektas de twa bekende stienkistegrêven yn Diever en Heveskesklooster. Boppedat leit it grêf 1 meter ûnder it meanfjield, hunebêden binne op it meanfjild boud.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|