Sint-Martensfloed

(Trochferwiisd fan Stoarmfloed fan 1686)

De Sint-Martensfloed wie fan 12 op 13 novimber 1686, krekt nei de nammedei Sint Marten. De stoarmfloed rekke Grinslân it meast.

Sint-Martensfloed

De noard-wester stoarm rekke Grinslân yn de nacht. De diken brutsen: alle diken oan de Iems en de Doalert waarden fuortslein mei fan gefolgen dat hiel Noard-Grinslân en it Aldamt ûnderstrûpten. Piterbuorren en Uthuzen stienen blank en Grins lei oan de see. De stoarmfloed feroarsake de dea fan 1558 minsken, 1387 hynders en 7861 kij. 631 huzen waarden fuortspield en 616 huzen rekken skansearre.

De Mariatsjerke yn Uthuzermieden rekke ek swier skansearre, nettsjinsteande har lizzing op in wier.