Stobbegat (mar)
Stobbegat is in mar yn de gemeente Smellingerlân. It is in ynholte fan de Wide Ie op de noardlike ouwer en leit oan polder de Gealannen besuden it buorskip De Koai.
It Stobbegat is sa'n 520 meter lang en 140 meter breed en it wurdt fan de Wide Ie skieden troch in pear eilandsjes. Yn de 19e iuw wie it Stobbegat goed de helte grutter.[1] It Stobbegat waard ek wol Zandwater neamd.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|