Stodyk
In Stodyk is in streekrjochte, mei help fan de minske, opstode dunerige.
Stodiken komme foaral op de waadeilannen foar. Se binne ûntstien mei't de behearder fan de seewarrende dunen, Rykswettersteat, tusken 1910 en 1990 skermen fan reid en wylgetûken op it strân sette liet, sadat it stosân fan it strân efter de skermen hingjen bleau en sa in nij dún foarme.
Troch it hieltyd opnij setten fan skermen op de nije sânbulte waard de dúnfoarming befoardere en koenen sânplaten en brede strannen fêstlein wurde. De Derk Hoekstra Stodyk op de Boskplaat op Skylge oanlein tusken 1932 en 1936, hie fan gefolgen dat de Boskplaat oan Skylge fêstgroeide. Ek de Kroonpolders op Skylge en de Kroons Polders op Flylân binne troch it oanlizzen fan stodiken ûntstien.