Stonehenge Festival
It Stonehenge Festival is in muzykfestival dat elts jier oan 'e ein fan 'e moanne july holden wurdt yn Stienwyk, yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. It is neamd nei it bekende Stonehenge-monumint yn it Ingelske greefskip Wiltshire, dêr't it fierders neat mei te krijen hat.
Stonehenge Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
plak | Stienwyk | |
tiid fan it jier | ein july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | heavy metal | |
bestean | 1994 – no | |
offisjele webside | ||
www.stonehengefestival.nl |
It Stonehenge Festival is wijd oan it hardrock-subsjenre heavy metal. It waard foar it earst holden yn 1994, en it fiert yn 2019 syn fiifentweintichjierrich bestean. Dêrmei is it (anno 2018) it âldste noch besteande heavy metal-festival yn Nederlân. It waard foarhinne holden yn 'e tún fan Jongereinsintrum De Buze, mar ferfear yn 2017 nei in nije lokaasje fuortby it Stasjon Stienwyk. Hoewol't dat handich is foar besikers dy't mei it iepenbier ferfier komme, wie dat net de reden fan 'e ferhuzing, dy't feroarsake waard trochdat it âlde terrein sa njonkelytsen te krap waard.
It Stonehenge Festival lûkt elts jier likernôch twatûzen minsken, en de kaartsjes binne ornaris in pear wiken yn 't foar al útferkocht. Op it festival trede sawol Nederlânske as bûtenlânske artysten op. Sa wie der bgl. yn 2018 in line-up fan 26 bands, wêrûnder Pestilence en Asphyx út Nederlân, Suffocation en D.R.I. út 'e Feriene Steaten en Grave út Sweden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|