Strackholt
Strackholt is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk. Der wenje 1.438 minsken (2021). Troch it doarp hinne rint de B436.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Strackholter tsjerke waard nei alle gedachten om 1240 hinne boud. Strackholt waard yn 1454 foar it earst neamd as Strachholte. De namme betsjut "langwerpige bosk". Op 17 maart 1454 ferpande haadling Hippeko syn besittingen yn Strackholt oan jonkhear Ulrik Sirksena.