Streaming media

(Trochferwiisd fan Streamen (ynternet))

Streaming media (Ingelsk foar "streamende media"; útspr.: ['stri:mɪŋ 'mi:dia], likernôch: "strii-ming mii-di-a") binne media dy't streekrjocht fia kompjûternetwurken (lykas it ynternet) ferspraat wurde. Dat proses wurdt streaming of ek wol streamen (útspr.: ['stri:mən], likernôch: "strii-mun") neamd. It is in populêre distribúsjemetoade by webcasts (útstjoerings oer it ynternet), by it besjen fan webfideo's (bgl. op YouTube) of fan video-on-demand (bgl. fia Netflix of Disney+) en by it beharkjen fan muzyk (bgl. fia Apple Music of Spotify). By streaming wurdt oanhâldend in diel fan 'e data yn 'e buffer pleatst, sadat in programma op in mediaplayer ôfspile wurde kin. Dêrtroch kinne de ûntfongen media (fideo en audio) fuortendaliks konsumearre (besjoen en beharke) wurde troch de brûker, sûnder dat de hiele útstjoering dan al download is.

Yn bredere sin kin steld wurde dat streaming ek bûten it ynternet om ien fan 'e primêre distribúsjemetoaden fan media is, mei't de measte distribúsjemetoaden ynherint streaming (d.w.s. flechtich) of ynherint net-streaming (d.w.s. duorjend) binne. Radio- en tillefyzje-útstjoerings kinne bygelyks sjoen wurde as net-ynternetrelatearre foarbylden fan streaming media, wylst boeken, (papierrene) kranten en tydskriften, dvd's en cd's foarbylden binne fan media dy't dúdlik net-streaming binne.

De Ingelske term "streaming", letterlik "streamend", ferwiist nei de oanhâldende stream fan data dy't by dizze distribúsjemetoade yn 'e buffer pleatst wurdt. It is yn dy sin it tsjinstelde fan it downloaden fan in bestân, wêrby't de brûker wachtsje moat oant er it hiele bestân op syn kompjûter ûntfongen hat foar't er der wat mei dwaan kin. Streaming media binne dus foar de brûker tiidbesparjend, mar oan 'e oare kant is it yn 'e regel net mooglik om streaming media te bewarjen troch se, lykas in download, op jins kompjûter te behâlden. As men der faker nei sjen en harkje wol, moat men sa'n bestân ynstee eltse kear wer op 'e nij streame, en is men dus ôfhinklik fan 'e webside dy't it bestân oanbiedt. As dy webside it bestân fuorthellet, stiet de brûker fierders mei lege hannen.

In oar minpunt oan streaming media is dat men in beskate bânbreedte nedich is om streaming media goed ôf te spyljen. Untbrekt foldwaande bânbreedte, dan sil it bufferjen fan 'e media it ôfspyljen fan 'e ynhâld net byhâlde kinne, en hat men te krijen mei skoftkes dat de media stilfalle sadat it bufferjen it ôfspyljen byhelje kin.

Live-streaming is it fersprieden oer it ynternet fan live-útstjoerings fan (oer it algemien) fideo. Dêrfoar hat men ferlet fan in kamera, in encoder om 'e bylden te digitalisearjen, en in mediapublisher en in webside om 'e bylden te distribuëarjen. Dit soarte fan streaming media hoecht net opnommen te wurden op it punt fan oarsprong, hoewol't dat faak wol dien wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.