Streamkanaal Willem Loréslûs

It Streamkanaal Willem Loréslûs (offisjeel Frysk) is in kanaal yn de gemeente Dongeradiel dat oanlein waard yn 1969.

Likernôch in kilometer west fan Ingwierrum dielt it Dokkumer Grutdjip him op yn de Alde Lunen, de oarspronklike lêste luds fan de rin fan it Grutdjip, en it Streamkanaal Willem Loréslûs. It streamkanaal giet noch in lyts stikje rjochtút nei it súdeasten, mar giet dan nei it easten, krekt besuden Ingwierrum, hast streekrjocht op de slûs oan. Dêr komt it streamkanaal gear mei it Alddjip, wêrby beide wetters tagong ta de Dokkumer Nije Silen en de Willem Loréslûs hawwe. Oare kant giet it wetter fierder as Dokkumer Djip.

It streamkanaal hjit nei de slûs, en de slûs is neamd nei Willem Loré, de oanlizzer fan de oarspronklike Dokkumer Nije Silen yn 1729. De namme Streamkanaal Willem Loréslûs jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Streamkanaal.