Streekmuseum Eppingastate
Streekmuseum Eppingastate is in museum oan de Boomsmastrjitte yn Sondel, Gaasterlân. It boeremuseum fan Willem Eppinga iepene yn 2011, neidat it sûnt 2009 alris ynsindinteel iepen west hie.
De kolleksje bestiet út sulverguod, diggelguod, antyk meubilêr en keunstfoarwerpen. Yn it lytsbûthús fan de state, mei Hollânske stâl, steane ark en reau. Ek in Fryske sjeas en boereweinen. De opkeamer en wenkeamer en it stookhok binne ynrjochte lykas eartiids. Oan de muorren hingje buordsjes mei ferklearjende teksten.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|