Strjitten op De Knipe

Wikimedia-list

De Strjitten yn De Knipe:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • 't Slúske - Krige yn 1959 de namme "Sluislaan" en yn 1968 de namme "t Slúske". Dit slúske waard yn 1850 oanlein by de drûchlizzing fan it 5e distrikt fan de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Tagelyk waard doe de Kommisjewei oanlein. Dizze rûn fan It Hearrenfean-Benedenknipe-Langsweagen nei De Gordyk. De dyk wie tagelyk polderdyk en waard betelle troch Opsterlân (f. 12.000 ) en Skoatterlân (f. 9.000)It slúske is yn 1955/56 opromme.
  • Anne Hanzeswyk - Hjir rûn eartiids in wyk fan dy namme. Yn 2003 is de foute stavering Anna Hanzeswijk ferbettere yn Anne Hanzewyk.
  • Dûmny Veenwei - De wegen oan beide kanten fan en bylâns sde Skoatterlânske Kompanjonsfeart, fan de eardere skipswerf (helling mei pream - grins fan earder Benedenknipe) oant de Earste Kompanjonswei yn Bontebok. Piter Hindriks Veen (Snits - Benedenknipe, 19 febrewaris 1896) wie hast in heale iuw menniste dûmny yn Boppeknipe. Hy hat in soad bydroegen oan de folksûntwikkeling yn De Knipe. Veen wie yn 1835 ien fan de oprjochters fan it lêsselskip 'Tot Nut en Vermaak'.
  • Hellingbaas - Nei de man dy't de helling behearde, it plak dêr't de preammen boud en wersteld waarden.
  • Houtbaas - Ien dy't it ikkermaalshout kocht en ferwurkje liet.
  • Houtkampswyk - Hjir rûn earder in wyk mei dizze namme.
  • Jan Jonkmanwei - Leit foar in part yn Ketlik en waard nei 1928 wol "Sintelwei" en ek wol "Swarte dykje" neamd. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 stiet de wei oanjûn as "Dorps Reed". Jan Jonkman (Drachten, 9 novimber 1873 - It Hearrenfean, 31 maaie 1960) hie in foaroansteand plak yn it Knypster doarpslibben. Sa wie hy (bestjoers)lid fan in soad ferienings. Fan de oprjochting yn 1923 ôf - 1956 wie hy foarsitter fan de feriening foar Pleatslik Belang. Yn dy perioade binne in soad ferbetterings ta styân komd, bygelyks de earste (gedieltlike) ûntsluting fan it doarp troch de oanlis fan de wei (Boppeknipe-Ketlik).
  • Kwakerswyk - Earder rûn hjir in wyk dy't nei de leauwensmienskip fan de Quakers neamd is, dy't hjir wat oanhingers hie.
  • Learloaier - Nei de learbewurkers fan de learloaierij dy't ein 19e iuw yn Benedeknipe wie.
  • Meyerwei - Nei Siebe Jans Meyer, (Terwispel, 24 oktober 1783 - Benedenknipe, 23 maaie 1874). Nei wat oar wurk yn it ûnderwiis hat Meyer 47 jier (1813-1860) yn Benedenknipe wurke. Neist skoallehaad wie hy foarsjonger yn de tsjerke, klkoklieder en fersoarger fan it tsjerkhôf - in destiids wenstige kombinaasje. Troch him binne in soad bern skoalmaster wurden, der wie doe op It Hearrenfean noch gjin Kweekskoalle.
  • Skipper - Neamd nei skippers dy't fracht en guod per skip ferfierden. Der wienen yn DeKnipe eartiids in protte skippers en skippersfeinten.
  • Spinner - In soad minsken yn Boppeknipe wienen earder wever op spinner.
  • Tramwei - Eartiids rûn hjir de trambaan It Hearrenfean -De Gordyk. De trambaan, wêroer op 7 augustus 1882 foar it earst in tram ried, is yn 1948 weihelle. De tramwei wie diel fan de âlde wei - de saneamde "Kommisjewei" - It Hearrenfean-Benedenknipe-Langsweagen-De Gordyk.
  • Trilker - farboom of de man dy't mei de boom de pream foarút triuwt.
  • Wever - ien dy't oan weven docht
  • Ymker - Der wennen eartiids in protte bijehâlders yn it doarp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: