Strjitten yn Winaam
De Strjitten yn Winaam:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Alde Leane - Noardlik fan de Alde Leane leit de saneamde 'Lytse Buorren'. Eartiids wie dêr in herberch dy't 'De Bijekorf' hjitte. Súdlik fan de wei steane in pear arbeidershúskes, dy't mei elkoar 't Bosk neamd waarden. Earder rûn der fan "t Bosk' yn de noarlike rjochting in fuotpaad oant 'de Terp', it saneamde 'Herre Jochumspaed'.
- Andreasstrjitte -
- Blomstrjitte - twa mieningen:
- a) De ienfâldige op elkoar steande wenningen dy't yn dizze strjitte stienen hienen as ienige lúkse de blommen foar de glêzen.
- b) De tagongswei dêr't persoanen op tsjerklike heechtijdagen blommen nei de tsjerke brochten (roomske earetsjinst).
- Buorren - kom fan it doarp.
- De Utergerzen -
- Fiskersbuorren -
- Foarryp - nei it buorskip Foarryp
- Harnewei - efter de huzen oan dizze wei lizze de saneamde 'Winamer harnen', dy't bekend wienen om de lege lizzing. Winterdeis stienen dy stikken lân faak splis en waarden brûkt om op te reedriden.
- Haulewei -
- Hearewaltsje - De ienfâldige wenningen stienen neist de haven. Omt de tastân fan de haven net altiten like goed wie en it wetter wakker stonk, waard oan it streekje huzen de spotnamme 'Hearenwaltsje' jûn.
- Hoarnestreek -
- Jelle van Dijkstrjitte - Jelle van Dijk
- Knikkersteech -
- Readyk - De pletas fan eartiids de hear Wiersma en de âlde pleats, eartiids bewenne troch de hear Okkinga, wienen earder eigendom fan de famylje Coopmans, dy't de ferbiningswei tusken dizze beide pleatsen ûnderhâlden mei read pún, dat fan de stienfabriken út Harns kaam. It stik tusken de pleats fan Wiersma en de wenning dêr't yn 2010 Rinze en Maartje Post yn wenje, waard wol de 'lege wei' neamd fanwegen de tige lege lizzing fan dat stik wei dat dêrtroch faak net brûkt wurde koe.
- S. Schaafstrapaed -
- S. van der Molenstrjitte -
- S. van der Ploegstrjitte -
- Siverdaleane -
- Swingmaleane -
- Terp - it heger lizzende gedielte fan it doarp
- Tsjerkepaed - paad nei de Andreastsjerke
- Winamerdyk - wei nei Winaam.