Studint

(Trochferwiisd fan Studearje)

In studint (froulike foarm: studinte), fan it Latynske studens ("jin talizzend op"), is immen dy't in stúdzje folget yn it heger ûnderwiis, d.w.s. oan in universiteit (universitêre oplieding) of hegeskoalle (heger beropsûnderwiis). Yn 'e Feriene Steaten en guon oare Angelsaksyske lannen wurde ek opliedings oan in college ta it heger ûnderwiis rekkene. Studinten foarmje gauris de foarhoede fan maatskiplike fernijing yn in lân. Sadwaande binne studinten faak guon fan 'e earsten dy't yn ferset komme tsjin diktatuer, ûnderdrukking, rasisme, diskriminaasje en oare maatskiplike misstannen.

Studinten ûnder in kolleezje oan 'e universiteit.

Studinten kinne yn Nederlân ynfloed útoefenje op 'e ûnderwiisynstelling dêr't se harren stúdzje oan folgje. Op it nivo fan 'e oplieding giet dat fia opliedingskommisjes, op it nivo fan 'e fakulteit fia de fakulteitsried en op it nivo fan 'e universiteit fia de universiteitsried. De ynstelling mei der ek foar kieze om in systeem fan dielde meisizzenskip yn te fieren. Dat betsjut dat ynstee fan in fakulteits- of universiteitsried dy't foar de helte út studinten en foar de oare helte út wurknimmers bestiet, de Wet Meisizzenskip ferrint fia aparte meisizzenskipsorganen foar studinten (de fakultêre studinteried en de sintrale studinteried) en foar dosinten en oare wurknimmers (de fakultêre ûndernimmingsried en de sintrale ûndernimmingsried). As dêrfoar keazen wurdt, moatte de sintrale studinteried en de sintrale ûndernimmingsried teminsten twa kear yn 't jier mei-inoar yn oerlis trêdzje. Foar it lidmaatskip fan sokke organen fine mei regelmjittige tuskenskoften holden ferkiezings plak.

Yn har frije tiid binne in protte studinten aktyf yn studinteferienings, mar om by sa'n klup as lid talitten te wurden, moatte se faak in ûntgriening ûndergean. Histoarysk is it dêrby gauris misgien, benammen by ferienings dy't ta it elitêre Corps hearre, mei ferwûnen en sels deaden ta gefolch. Fierders binne der studintefakbûnen dy't opkomme foar studinten yn it algemien. Lanlik binne al dy fakbûnen feriene yn it Lanlik Studinte Fakbûn (LSVb) en it Ynterstedsk Studinte Oerlis (ISO). De rivaliteit tusken de beide lanlike fakbûnen makket dat se beide skerp bliuwe. Foar Nederlânske studinten dy't om utens studearje of studearje wolle, is der de organisaasje Nederlânske Wrâldwide Studinten (NEWS), it ferbân fan alle Nederlânske studinten yn it bûtenlân.

Yn Nederlân krije studinten yn it heger ûnderwiis (en learlingen yn it middelber ûnderwiis foarsafier't dy 18 jier of âlder binne) stúdzjefinansiering, wêrmei't se ûnder harren stúdzjetiid (foar in diel) yn har ûnderhâld foarsjen kinne. De taparting fan stúdzjefinansiering wurdt regele troch de Tsjinst Utfiering Underwiis, dy't fêstige is yn Grins. By it ôfrûnjen fan harren stúdzje krije studinten yn 'e measte Jeropeeske lannen in bachelor- of mastertitel, nei in systeem dat yn 1999 ynfierd is. Dêrfoar ferskilden de akademyske graden per lân.

Studinten yn it HBO en it WO [1]
ûntwikkeling tal studinten (x1.000) bûtenlânske studinten yn Nederlân (2002-2003)
heger beropsûnderwiisuniversiteit
IraanYndoneezjeTurkijeItaaljeSurinameGrut-BrittanjeFrankrykSinaMarokkoSpanjeBelgjeDútslân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Atlas van het Onderwijs, Grins, 2008 (Noordhoff Uitgevers), ISBN 978-9 00 12 03 009.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.