Sulverstrjittetsjerke (Frjentsjer)

De Sulverstrjittetsjerke oan de Sulverstrjitte wie oant 2015 de grifformearde tsjerke fan Frjentsjer.

Sulverstrjittetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Sulverstrjitte 32
koördinaten 53°11′14″ N 5°32′49″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1893
arsjitekt M. Hofstra, Frjentsjer
offisjele webside
pkn-franeker.nl
kaart
Sulverstrjittetsjerke (Frjentsjer)
Sulverstrjittetsjerke

Op it plak fan it hjoeddeiske gebou stie earder de roomske Fransiskustsjerke út 1694. De parochy liet oan it begjin fan de jierren 1830 in nije wettersteatstsjerke bouwe oan de Godsikker. Nei't op 1 desimber 1835 in ôfskieden gemeente yn Frjentsjer ynstituearre waard, naam de gemeente sûnt 1843 de âlde Fransiskustsjerke yn gebrûk. Yn 1893 waard op it plak fan de âlde tsjerke in nije tsjerke boud.

It ynterieur fan de grifformearde tsjerke waard yn de jierren 1960 modernisearre. Yn dy tiid waard ek in nij portaal foar de gevel set. Dêrtroch en troch it ferdwinen fan it hek op de roailine ferlear de tsjerke oan monumintaal oansjen.

Yn 2010 gyngen de grifformearden mei de herfoarmen yn Frjentsjer tegearre fierder as ien PKN-gemeente. Yn de tsjerke waard op snein 7 septimber 2015 foar it lêst in tsjinst holden. By dy lêste tsjinst wiene sa'n 650 minsken oanwêzich. De PKN-gemeente makket sûnt allinne noch gebrûk fan de Martinytsjerke.

Alhoewol't it grutte tsjerkegebou in monumintale útstrieling hat, is it gjin monumint. De tsjerke waard yn 2017 ferkocht en soe troch de nije eigners tenei brûkt wurde as wenhûs en foar kulturele aktiviteiten.[1]. Neffens in wurdfierder fan de PKN-Frjentsjer sil no (2020) it hiele gebou ornearre wurde foar it ynbouwen fan apparteminten.

It oargel fan de tsjerke waard yn 1905 troch de firma Van Dam út Ljouwert boud. De firma Reil út Heerde feroare it ynstrumint yn 1951 en joech it fjouwer jier letter in modern front. Deselde oargelboufirma restaurearre yn 1999 it oargel. Nei it sluten fan de tsjerke waard it oargel demontearre en opslein toch in net mei namme bekende oargelbouwer.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: