Supermarine S.6
Supermarine S.6/S.6A | |
---|---|
Rol | Racefleantúch |
Makker | Supermarine |
Untwerper | Reginald Joseph Mitchell |
Earste flecht | 1929 |
Yn tsjinst | 1929 |
Tal makke | 2 |
Brûkers | Royal Airforce High Speed Flight |
Fariant | Supermarine S.6B |
De Supermarine S.6 wie in Britske wetterfleanmasine, dy't ûntwurpen waard foar it meidwaan oan de Schneider-Trophy dy't yn de jierren 1920 en 1930 holden waard.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Supermarine S.6 wie in iensitter mei twa mânske driuwers. It ûntwerp fan yngenieur Reginald Joseph Mitchell fan de firma Supermarine waarden twa fan boud.
De wedstriid wie op 6 en 7 septimber 1929 yn Calshot Spit, Ingelân. Ien S.6 waard diskwalifisearre en de oare, mei Flight Lieutenant H.R.D. Henry Richard Waghorn oan de kneppel, helle mei in trochsneedfaasje fan 528,88 km/o it earste plak.
Op 12 septimber 1929 fleach Augustus Orlebar mei itselde tastel 575,7 km/o, it doetiidske wrâldrekord foar wetterfleantugen.
Foar de Schneider-Trophy 1931 revisearre Mitchell de S.6 en krige er gruttere driuwers. Dy ferzje waard oantsjut mei S.6A. Tagelyk boude er de Supermarine S.6B, dy't úteinlik foar de race brûkt waard en wûn.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeGegevens | |
---|---|
Spanwiidte | 9,14 m |
Langte | 8,73 m |
Fleugeloerflak | 13,5 m² |
Startgewicht | maks. 2618 kg |
Bemanning | 1 |
Heechste faasje | 575 km/o |
Lâningsfaasje | 153 km/o |
Motor | 1 Rolls-Royce R (12 sylinder V-motor, 1900 hk) |
Literatuer
bewurkje seksje- C.F. Andrews, E.B. Morgan: Supermarine Aircraft since 1914. Putnam, Londen 1987, ISBN 0-85177-800-3.
- William Green (Hrsg.): Supermarine's Schneider Seaplanes. Yn: Flying Review International. Diel 10, nû. 11, july 1967.
- The Illustrated Encyclopedia of Aircraft (Part Work 1982–1985). Orbis Publishing, Londen 1985.
- Jim Winchester: Supermarine S.6B. In: Concept Aircraft. Prototypes, X-Planes and Experimental Aircraft. Grange Books plc., Kent 2005, ISBN 978-1-84013-809-2.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Supermarine S.6 fan Wikimedia Commons. |