De sutelaksje is in aksje om Frysktalige boeken ûnder de minsken te bringen. Mei kroaden ride frijwilligers de doarren del en sutelje mei Frysktalige boeken. Ornaris leit der in ferskaat oan nije publikaasjes yn 'e kroaden. Dat kinne literêre wurken, romans, dichtbondels, muzyk- en sjongboeken, religieuze boeken, berneboeken, harkboeken, kompaktskiven en dvd's wêze.

Sutelaksje yn Skettens

Oant en mei 2009 waard de Sutelaksje organisearre troch Stichting It Fryske Boek. Yn desimber 2013 waard de stifting Tsjil oprjochte as de nije organisator fan de Sutelaksje, mar dy organisaasje waard al yn it foarjier fan 2015 wer opheft.

Yn 1972 waard de earste Sutelaksje holden. Fuort waard it in jierliks evenemint dat ornaris yn de moannen septimber as oktober organisearre waard. Yn de tiid dat Stichting It Fryske Boek de Sutelaksje organisearre waard it evenemint alle jierren ôfsletten mei in boekemerk yn Drachten. Elts jier waard der ek in skriuwerskalinder útbrocht. Dêr waarden teksten en lietteksten fan skriuwers en dichters yn opnommen.

Yn 2008 die Stichting It Frysk Boek te witten dat se yn 2009 foar it lêst de Sutelaksje ‘âlde styl’ organisearje soenen en dat it dêrnei dien wêze soe mei de Sutelaksje. De lêste Sutelaksje fan Stichting It Fryske Boek wie op 16 oktober 2009 yn Grou. De sutelaksjes fan Stichting It Fryske Boek smieten yn de jierren 2005-2009 sawat 2 ton euro it jier op.[1] Yn de jierren 2008 en 2009 dienen der sa'n 1.700 frijwilligers mei oan de aksje.

Yn desimber 2013 waard de Stifting Tsjil oprjochte. Tsjil hie as doel de befoardering fan de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân. Yn 2014 wie Tsjil de organisator fan de Sutelaksje.[2] Yn it foarjier fan 2015 gie Tsjil lykwols te sink oan jildgebrek.[3][4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Provinsje Fryslân: Jierferslach 2008
  2. Sutelaksje komt definityf werom
  3. ——Tsjil stopt met sutelaksjes yn: de Ljouwerter Krante, 28 maart 2015.
  4. Peppelenbos, Coen, Sympathieke sutelaksje verdwijnt voorgoed op: literêr bloch Tzum, 1 april 2015.