Swarte Koallen (Arapaho: Niewosis, útspr.: [niewɔsɪs]; Ingelske oersetting: Black Coal; 1840 – yn it Wind River Yndianereservaat (Wyoming), 10 july 1893) wie in opperhaad fan 'e Noardlike Arapaho, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy oefene yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw grutte ynfloed út oer syn folk, en wie fierhinne ferantwurdlik foar it feit dat de Arapaho mar kwealk dielnamen oan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, it lêste grutte konflikt tusken de Flakte-Yndianen en it Amerikaanske leger.

Swarte Koallen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Niewosis
oare namme Black Coal
berne 1840
berteplak westlike Feriene Steaten
stoarn 10 july 1893
stjerplak yn it Wind River Reservaat
(Wyoming)
etnisiteit Noardlik Arapaho
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Arapaho
jierren aktyf ±18651893
Swarte Koallen.

Swarte Koallen fertsjinne syn namme nei ôfrin fan in wûn gefjocht mei de Jût (Ute), doe't er yn 'e jiske fan it slachfjild omrôle oant er alhielendal swart wie. Folle letter, doe't er yn 'e slach tsjin 'e Amerikanen trije fingers ferlear, krige er in oare namme, Tuhe3u3e (útspr.: [tʊhɪθʊθɪ]; "Ofsniene Fingers"). Yn 1867 wied er ien fan 'e haadlju dy't út namme fan 'e Noardlike Arapaho it twadde Ferdrach fan Fort Laramie ûndertekenen. Yn 1871 klom er op ta ien fan 'e wichtichste opperhaden fan syn folk.

Op 4 july 1874 waard it doarp fan Swarte Koallen oan 'e Windrivier yn 'e steat Wyoming oanfallen troch in detasjemint fan it Amerikaanske 2de Kavaleryrezjimint en de begeliedende Sjosjoanske ferkenners dêrfan. Yn 'e bloedige striid fûnen 26 Arapaho, 4 soldaten en 4 ferkenners de dea, wylst sa'n 20 Arapaho ferwûne rekken. Swarte Koallen en syn krigers wisten lykwols langernôch stân te hâlden om 'e froulju en bern in kâns te jaan om te ûntkommen, wêrnei't se sels fjochtsjendewei fuortgloepen. Nei dit gefjocht, wêrby't Swarte Koallen slim ferwûne rekke oan syn boarst, besleat er om him oer te jaan.

Hy sette him nei wenjen yn it Grutte Sû Reservaat, deunby Fort Robinson, yn Nebraska. Yn 1876 wie syn ynfloed fan krúsjaal belang om te soargjen dat de Noardlike Arapaho-krigers har net yn grutte oantallen by har tradisjonele bûnsgenoaten, de Sjajinnen (Cheyenne) en de (Sioux), oansleaten doe't dat jiers de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 útbriek. Neitiid waard er sels in ferkenner foar it Amerikaanske Leger, en naam er yn dy hoedanichheid yn novimber 1876 diel oan it Gefjocht fan Stomp Mês, in oanfal op it doarp fan it Sjajinske opperhaad Stomp Mês, dy't foar de Amerikanen in grut súkses waard. Swarte Koallen ferstoar op 10 july 1893 yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, dêr't er begroeven waard yn it wyldlân bewesten de Missy fan Sint-Stefanus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: