Swellelúsjefers is in lúsjefersmerk út Sweden.

It merk waard yn 1894 deponearre en in jier letter ymportearre de yn Ljouwert berne hanneler Jeremias Attema (1859 - 1941) de lúsjefers nei Nederlân. Hy eksportearre ek guons nei Yndoneezje en Súd-Amearika. De prikjes wienen earst read mei in giele kop. It doaske wie fan tin hout, dêr't ûnderyn in letter drukt wie. It ferhaal gie dat dêr in priis mei wûn wurde koe, mar dat wie net wier.

  • It doaske hat in tige ferneamd etiket. De swel op it doaske is in boereswel, it meast foarkommende swellesoarte yn Sweden.
  • It faantsje op it plaatsje neamde oant hast 2002 ta noch it wurd 'trademark', mar yn dat jier krige it plaatsje in ienfâldiger oansjen. It oprjochtingsjier fan 1899 wie oars ek net goed, sadat it âlde byldmerk yn 2004 werom kaam.
  • Op it ôfbyld steane ek fjouwer plaatsjes: links fan it sweltsje kening Karel XV (kening fan Sweden en Noarwegen) en de Frânske keizer Napoleon III (1852-1870). Rjochts stiet de wrâldtentoanstelling fan Londen yn 1862 en kening Oscar II fan Sweden en Noarwegen (1872-1905). De medaljes binne grif wûn troch de gruttere konkurrint en foargonger Jönnköping Tändsticksfabrik dêr't it fabryk yn Uddevalle yn 1903 mei fusearre. Yn Uddevalle wurde al sûnt de Twadde Wrâldkriich gjin lúsjefers mear makke.
  • De tsjintwurdige eigeners litte de prikjes meitsje yn Vetlanda (Súd-Sweden). Yn in oare fabryk wurde de swevelkoppen derop setten. It binne gjin 'sekerheidstoskestokers', mar feilichheidslúsjefers (säkerhets tändstickor), de opfolgers fan de earste lúsjefers dy't bygelyks op de soal fan in skoech oanstrutsen wurde koenen.
  • Yn lannen as Sierra Leöane en Gambia en Singapore wurde de lúsjefers ferkocht ûnder de namme La Golondria it Spaanske wurd foar swel.
  • 'Parafinerade' bestjut dat der parafine yn sit dy't de lúsjefers stabiler brâne en net neigloeie lit.

Lúsjefermuseum

bewurkje seksje

It lúsjefermuseum (Sweedsk: Tändsticksmuseet) yn Jönköping is ien fan mar in pear lúsjefermusea fan de wrâld. It sit yn it Tändsticksområdet, húsfeste yn it earste lúsjeferfabryk fan Jönköping. It museum jout in byld fan de minsken dy't yn it fabryk wurken en hoe 't it fabryk funksjonearre. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, 7 jannewaris 2012, side 26 en 9 jannewaris 2012 ynstjoerd stik op side 6

---

  1. (in) jkpg.com