Uddevalla (stêd)

(Trochferwiisd fan Uddevalle (stêd))

Uddevalla is de haadstêd fan de gemeente Uddevalla yn it lânskip Bohuslän en de provinsje Västra Götalands län yn Sweden. De stêd leit oan de útmûning fan de rivier de Bäveån yn it Byfjord, oan it Skagerrak, sa'n 85 km benoarden Göteborg oan de Jeropawei E 06.

Uddevalla
It sintrum fan Uddevalla
It sintrum fan Uddevalla
Bestjoer
Lân Sweden
Lânskip Bohuslän
Lân Västra Götalands län
Sifers
Ynwennertal 31.212 (2010)
Oerflak 16,92 km²
Befolkingsticht. 1.845 / km²
Oar
Stifting 1498(stedsrjochten)
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente
Plak fan Uddevalla yn Sweden

Uddevalla krige yn 1498 stedsrjochten, mar wie doe al in hannelsstêd. Histoarysk sjoen wie Uddevalla ûnder de Noarske namme Oddevald part fan Noarwegen; meidat de stêd ticht by Sweden en Denemark leit, waard der faak om fjochte. Yn 1612 waard Uddevalla troch Sweedske troepen ûnder Jesper Mattson Krus yn 'e brân stutsen en yn 1644 barde dat nochris. Yn 1658 waard de stêd by de Frede fan Roskilde troch Sweden anneksearre. In jier letter namen de Noaren it plak fannijs yn, mar yn 1660 waard it by de Frede fan Kopenhagen wer part fan Sweden. Noarwegen bleau lykwols besykjen om de stêd yn hannen te krijen, de lêste kear wie yn 1788.

Yn de 18e en 19e iuw wie de hjerringfiskerij de wichtichste yndustry. Yn dat tiidrek hie de stêd ek te krijen mei in tal grutte brannen. De slimste wie de brân fan 1806 dy't de hiele stêd op fjouwer huzen nei yn de jiske lei. 4000 minsken waarden dakleas. Dêrnei duorre it lang ear't Uddevalla der wer boppe-op kaam, mei troch in ekonomyske resesje en earmoede yn Sweden.

Om 1870-1880 luts Uddevalla wat yndustry oan, mei om't de Skotske sakeman William Thorburn him yn Uddavalla festige en in tal fabriken oprjochte, benammentlik tekstylfabriken. Teffens kaam de stêd yn dy snuorje oan it spoar te lizzen.
De Swellelúsjefers waarden foar de Twadde Wrâldkriich yn Uddevalla makke.

Uddevalla hat in haven en eartiids wie der in grutte skipswerf, de Uddevallavarvet ('Uddevallawerf'), dy't de grutste wurkjouwer fan Bohuslän yn de jierren sechtich fan de 20e iuw wie. In ekonomyske krisis yn de santiger jierren late ta in sluten fan de werf yn 1985.

Ut Uddevalla

bewurkje seksje