Swimfun (De Jouwer)
Swimfun is in swimbad dat yn 1986 boud is as De Stienen Flieroan de Sewei op De Jouwer. De stichting dy't it swimbad behearde hiet ek De Stiennen Flier.
Swimfun | ||
swimbad | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Sewei | |
koördinaten | 52° 57' NB, 5° 47' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Subtropysk swimbad | |
boujier | 1968 | |
skiednis | ||
hist. namme | De Stienen Flier | |
iepening | 1987 | |
oare ynformaasje | ||
tal baden | 7 | |
tal glydbanen | 2 | |
offisjele webside | ||
Webstee fan Swimfun | ||
kaart | ||
De Stienen Flier
bewurkje seksjeFanâlds waard by De Jouwer op bepaalde plakken yn bûtenwetter swommen, lykas yn it Hurdspytsje en yn de Jouster Sylroede op it plak dêr't letter de earste skiphokken fan de JWS boud waarden by de ‘Houten Flier’. Yn dat diel fan de Sylroede lei in hurde sânplaat, sa hurd as in houten flier. By Douwe Egberts lei doe ek in houten flonder yn it wetter. Plannen fan de Nutsferiening foar in swimbad op De Jouwer wiene der al yn 1915. Dit swimbad soe doe oan de Sniksweachterfeart komme en soe mei oankeap fan de grûn f 8300,- kostje moatte. Neist de hege kosten kaam it der ek net fan omdat de Nutsleden ferdield wiene oft der in badhûs of in swimbad komme moast. Beide soene der doe net komme.[1] Yn 1921 waarden wer plannen makke, no yn gearwurking mei Pleatslik Belang en hûsdokter Piet Jan Sluyter. As lokaasje waard tocht oan de Sylroede, net fier fan de Broekster oerhaal. Op de yntekenlist waard te min jild tasein, sadat de plannen net trochgean koene. Yn 1956 wiene der wer plannen foar in nij swimbad. Yn 1967 waard op de hjoeddeiske lokaasje in bûtenbad iepene. It krige as de namme 'De Houten Flier'. It bestie út in ûndjip bad en in 25 meterbad mei dûkplanken. Yn 1971 kaam der in 50-meterbad by.
Op 8 oktober 1986 sloech boargemaster Marijnen fan Skarsterlân de earste peal foar in nij oerdekt subtropysk swimbad dat yn 1987 iepene wurde soe. It iepenloftswimbad goe doe ticht.
Swimfun
bewurkje seksjeYn 2014 waard it oerdekte swimbad yngreven ferboud en waard de namme feroare yn 'subtropysk swimparadys Swimfun'. Op de lokaasje fan it subtropyske swimbad De Stiennen Flier kaam in nije sporthal, in nije yngong en it swimbad waard flink útwreide. Swimfun bestiet út trije ûnderdielen: it swimbad, de sporthal foar skoallen en ferienings en in grutte yntreek mei hoareka. Troch de kombinaasje fan sporthal en swimbad koene se ta mei in mienskiplike yntree en parkearplak.
It rekreaasjebad krige in flieroerflak fan yn totaal 900 m², it bad krige ek ûnderwetterferjochting. It bûtenbad fan 150 m² hat in sinneterras. De wyldwetterbaan begjint op 5 meter hichte en hat in lingte fan 45 meter. De baan giet lâns wetterfallen en troch grotten. Underweis binne in tal brûsbanken. De glydbaan ‘Magic Oval Slide’ is mear as sechtich meter lang. Fierders binne der in weachslachbad, in kâldwetterput, sauna, sinnestudio, Turkske krûdebaden en steamkabines.
Sportfun
bewurkje seksjeDe sporthal kin yn trijen opdield wurde en wurdt brûkt troch skoallen en ferienings. De seal hat in elektroanysk skoareboerd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|