Sybadastate lei oan de Hege Hearewei ten westen fan Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel, wat noardliker as Botniastate. Op it stee stiet no in pleats.

Sibada waard foar it earst neamd yn 1382 as Zibadehusen. As aadlik hûs rekke it yn it begjin fan de 15e iuw bûten gebrûk omdat de erfdochter troude mei de oanbuorjende haadling Botnia. Troch de ferearing fan Us Leaffrou fan 's-Hertogenbosch fûn de bewenner fan Zibadehusen in die prochi geheyten Meerhem yn 1382 genêzing (Mirakelen van Onze Lieve Vrouw te 's-Hertogenbosch, Tilburg 1978, 189). In dochter fan de Sibada's troude midden 15e iuw mei de letter (1462) yn in gefjocht omkommen Tzaling Botnia fan de neistlizzende Botniastins. Harren soan Fecke Botnia, troud mei Ayl Gatzes Juwsma út Rinsumageast, wie fan 1481 - 1491 eigener. Dêrnei erfde harren soan Juw Botnia, ridder, ried Hof fan Fryslân, 1524 grytman Ferwerderadiel de state. Lykas by Botniastate al neamd is troude hy mei Fokel Juwsdochter fan Hottinga en wenne yn Frjentsjer. Harren soan en erfgenamt jonge Juw Botnija wenne yn Weidum en wie yn 1540 eigener fan Sibada.
Oft hja it troch fererving of troch keap yn besit krigen hat, mar yn 1640 wie de state eigendom fan “Juffr. Tiemp van Wyckel” lykas it stimkohier fermeldet. De brûker wie doe Pyter Jansen. Yn 1698 en 1700 fermelde de stim- en floreenkohieren de namme fan dr. Abelus Siccama dy 't optreedt foar syn frou dy't eigenaresse is fan it goed. Brûker is dan Claes Jansen en yn 1728 syn soan Jan Claessen wylst as eigenaresse fermeld wurdt Dieuke Horatii, widdo Siccama dy't dus yn 1698 en 1700 ek al eigenaresse wie mar net by namme neamd waard. Yn it kadaster wurdt yn 1832 de namme fan Jan Lieuwes Bosch neamd dy yn de mande mei oaren eigener is.

Yn 1511 en 1540 wie Sijbada goet in pachtpleats fan de Botnia's. It wapen Sibeda figurearre doe noch yn de kertiersteaten fan de Botnia's.

Op it plak dêr't in de Nieuwe Tijd eene plaats Sijbada State aan den Hooge Heerenweg stond, sa't it floreenkohier fan 1850 him neamt, stiet ek tsjintwurdich noch in pleats mei dy namme. De pleats Sybaedastate hat oan de eftergevel fan de skuorre in stichtingsstien 'Gesticht door Douwe Klases Ozinga 1844'. It wenhûs is 20e-iuwsk.

  • 1382 ?NN te Zibadehusen yn Marrum
  • NN Sibeda.
  • NN NNsdr Sibeda en Tzaling Botnia
  • 1481 – 1491 Fecke Botnia
  • Juw Botnia en Fokel Juwsdr Hottinga
  • 1540 Juw Botnija jr.
  • 1640 Tiemck van Wyckel
  • 1698, 1700, 1728 Dieuke Horatii
  • 1832 Jan Lieuwes Bosch en mei eigener

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Hisgis